Dommer as fee, in het Nederlands natuurlijk

It is hjoed freed 3 oktober. Foar de feroaring wurdt it wer ris mear dan 20 graden. Yn Alaska is gjin iis mear foar de walrussen, sadat se har taflecht socht ha op in eilân.

In minske is in raar ding.

Wy ha oeral in miening oer. Jammerje en eamelje wat ôf. Mar ien ding kin de minsken blykber net reitsje, dat is it miljeu.
Wat? Dêr binne wy altyd mei dwaande, kampanje nei kampanje, wittenskippers en sjoernalisten jogge mei in kamera op de nekke oer it lêste stikje poaliis om sjen te litten hoe't dat foar ivich en altyd yn de opwaarmjende oseaan falt. Freeslik allegearre. In meagere iisbear as skrikfoarbyld. It bist kin ek al gjin iis mear fine om in seehûn te fangen. Rint wat ferdwaze op in fiis strân om, earne oan de noardkant fan Ruslân. Wy knoopje stjoerders op skriezen, winne dêr sels prizen mei!

Wat wolst no, De Jong? Wy witte wol hoe slim it is. Echt wol.

Rekket it jim ek?

Fine al my krityske lêzers it normaal dat we dit jier yn febrewaris op de sitmeaner sieten omdat der doe al in swee gers stie? Dat we no (oktober) noch hast twa kear yn de wike meane moatte omdat it gers ta de grûn út fljocht? Al dy krityske lêzers dy't harren op skrift en amtshalve sa drok meitsje oer hoe slim it is en wêrom't alles eartiids better wie?

Wannear hearde ik dy stumpers en migers dit jier? Doe't we yn augustus in pear kâlde dagen hienen. 'Dus, de herfst is nu begonnen?' en mear fan datsoarte tweets. Yn it Nederlânsk fansels, want oars hâlde jo gjin folgers, no? No folgje my dan mar net mear.

Mei dit waar hearre jo it fee net. Mar dy ha gjin doel oer bûtengewoane omstannigheden. Dy meitsje molke fan gers. Dy kinne jo it net kwea ôf nimme.

De grutte groep freeslik wize minken dy't stikem gewoan 12 moannen yn it jier yn de koarte broek rinne wol hjir yn it heitelân, mar him wol o sa drok makket oer it miljeu. En der leafst mei in bak subsydzje fan frette wol. Dy. Dy't jankt as der trije dagen 15 graden yn augustes foarsein wurdt. Dy. Dy't mei de earste (en ynkoarten miskien iennichste) kear ruten skraabjen oer fakânsjes nei waarme lannen begjint te etterjen. Dy.

Dy groep is noch dommer as fee.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen