Nije wike: Ferhalen en muzyk yn Drachten

De twa doarpen dy't dit jier de spits ôfbieten mei de sutelaksje fan Stifting Tsjil, te witten Warten en
Menaam, ha in treflik resultaat behelle. Wy geane fleurichop troch nei kommend wykein, as der yn Kimswert en Feanwâlden mei Fryske boeken by de doarren del gien wurde sil.

De wienen dizze wike in oantal minsken dy't fregen wêr't harren bestelling bleau, dy komt der dus oan, mar wy hienen wat beheinings oplein krigen dus koe der net earder levere wurde, dat sadwaande. Nije wike ha jim de bestellings yn hûs, as de post syn wurk goed docht.

Sa rint ien en oar dus aardich, mar skrik o skrik, nije wike freed is it 19-9-2014.

Dan sil yn de popup store oan de Markt 2 yn Drachten, tsjinoer kafee Marktzicht, ien en oar barre. Kafee Marktzicht, sûnt jierren útfalsbasis en dus net wei te tinken út de histoarje fan it suteljen mei Fryske boeken.

De tydlike winkel, dêr't jo oerdei it nijste Fryske proaza en dichtwurk keapje en besjen kinne, sil omtovere wurde ta in smûk lyts teaterke, dêr't mar in beheind oantal minsken yn passe. En wat is dêr dan te dwaan?

No, op de tongersdei is Hylke Speerstra tegearre mei Eddy Dijkstra fan 19.30 ôf te sjen en te hearren mei in Fryske jûn fol ferhalen en muzyk.

En dan is it freed...

Tusken alle drokten fan organisearjen fan de sutelboel troch, sil in part fan it bestjoer fan Stifting Tsjil op de planken om jimme moaie  ferhalen te fertellen. Martsje de Jong, Hilda Talsma en ik, fersterke mei Willem Schoorstra sille jim in jûn besykje te fermeitsjen, Jack Bottleneck is der foar de (moaie!) muzyk.

Dus moat der stikem ek oefene wurde. Om de júste toan te finen. Dat falt soms net mei, wat dat oanbelanget is ferhalen fertelle krekt as it echte libben...

Tagong is fergees! (beheind oantal sitplakken!)  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen