Kommend wykein topdrokte by Tsjil

Sa. Gjin tiid hân foar neipetearen. Wol dwaande west mei kommend wykein, dan sil der op De Gordyk net ien krat mei Fryske boeken mear stean. Stifting Tsjil stiet foar in pear tige drokke dagen.

Wêr kinne jo dit wykein Tsjille meiwurkers ferwachtsje? Skrik net: Yn Frjentsjer, Eksmoarre, Allingawier, Wergea, Drachten, Koartehimmen en Boarnburgum.

Ja, der sille hiel wat kilometers makke wurde moatte om alle plakken dêr't sutele wurdt, fan boeken te foarsjen. Mar de plenning is trochnaam, as der neat nuvers op ús paad komt, sil Stifting Tsjil der wol mei rêde, sa as de frijwilligers dat ôfrûne sneon yn Feanwâlden ek dien ha.

En dan is it te hoopjen dat der moandei hast lege kratten yn de loads fan Bornmeer steane. Want dêr dogge wy it foar, boeken ferkeapje. 

Befoarderje fan de ferkeap fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân, en dêr net oer eamelje, mar it gewoan dwaan. Tsjil, no?  


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen