It libben op post it bryfkes?

Foar my hinget in post it bryfke. Op dat bryfke steane in oantal datums. 16-1, 20-3, 22-5, 24-7, 25-9
en 29-11.
Dêrnjonken hinget noch in post it bryfke. 25-5, 8-6, 6-7, 3-8, 31-8, 14-9, 12-10.
Foar my lizze in ferskaat oan post it bryfkes. Guon mei in rige plaknammen, oaren mei nûmers dy't jim neat sizze sille, mar my meastal wol, as it treft. Soms ek folslein net mear.
Dan leit der in kassabon. DANK U EN TOT ZIENS. Ruilen binnen 8 dagen met bon. 
In hânskreaune resinje fan Bedoarne hannel, dy leit der ek. En in glossy oer in automerk op Dútske grûnslach. Ha ik fergees krigen.
In pear plektrums, ien giel, de oare wyt.
En fansels myn Samsung. Altyd oan de lader as it kin. Bakje tee, ek geregeld in gast op myn buro.

Sa kin ik wol trochgean. In skerm, in toetseboerd, in pear boksen dêr't op dit stuit it lûd fan in iishockey wedstriid tusken Hamburg en Keulen út klinkt.

Foar de skerpe, opmerksume sjogger en lêzer is helder dat der in oantal saken fan belang lykje, kwa datums. Eh... eins mar ien, op dit stuit. 25-9. Dat is de datum dat der wer in kollum klear wêze moat foar it iennichste Fryske literêre tiidskrift, Ensafh.

It libben op post it bryfkes. Wat? Dat is hast in titel foar in roman! En hoe't it mei Redmar en Hiske giet? Gjin idee.
Ik ha noch ien post it bryfke ferjitten. Dêr steane trije wurden op. Dy ha ik samar in kear opskreaun, noch net iens sa lang lyn. Ik tink dat dêr 25-9 wol mear oer te lêzen wêze sil. Se hâlde ferbân mei de komplete waansin fan in op hol sleine wrâld. 25-9 mear.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen