In jier tarieding. It is septimber, Stifting Tsjil tiid!

De earste kratten steane klear

Sa stadichoan komt 6 septimber tichter en tichterby. De dei dat de proef om wer mei boeken te suteljen in ferfolch krije sil.

Wat wie it in prachtich barren, ferline jier yn Bitgum en de beide buordoarpen. In smite skriuwers dy't mei harren negoasje by de doarren del gienen. Prima sfear en goede ferkeapsifers. Nei lang rekkenjen en tellen bliek dat der foar mear as 4500 euro oan de man/frou brocht wie. Yn trije oerkes. In prachtich resultaat.

De ôfrûne winter, maitiid en simmer hoopje ik dat myn kollega's drok yn it spier west ha mei it skriuwen fan nije boeken en gedichten. Spitich, ik hie dy tiid net. Ja, der is al in nij boek útkaam. Klear.

As in wike 7 dagen hat, hat der ek hast 7 dagen yn de wike oerlis west tusken de bestjoersleden fan Stifting Tsjil. En dat alle wiken tusken de aksje fan ferline jier en dy dy't der no oan sit te kommen. Der sille grif dagen west ha dat wy net oer Tsjil gear west ha, mar dy dagen kinne jo op ien hân telle, sa rûs ik. Net dat wy elkoar alle dagen seagen, mar online is in fergaderferline fan komsa opboud. Soms gie it oer neat, soms stie der samar in grutter boadskip tusken de chatberjochten en waard sa'n berjocht, omdat it sa wichtich wie, ek noch mei de mail útwiksele.

Begruttings, plannen, struktueren, aksjes, ideeën, alles kaam foarby. Lang net alles hat it helle. Mar wat it al helle hat is no oansteande. Sterker, de boekekrante mei in oersjoch fan safolle mooglik nij skreaun Frysk ha de measte Friezen al yn de bus hân. In prachtich stik wurk dêr't in soad tiid yn sit. 250.000 stiks. Wat dat oanbelanget is de kop der dus ôf en komme de bestellings al binnen.

As we Speak, it is hjoed 1-9-2014, wurdt op De Gordyk yn it mânske pân fan Steven Sterk drok wurke om sawat 80 kratten op identike wize fol te setten mei boeken, sadat aanst de distribúsje nei de doarpen ta los gean kin. Dan moatte der noch listen en beskriuwings yn dêr't op stiet hoe't de frijwilligers ien en oar krekt dwaan moatte. Twa kratten foarmje ien kroade, fol mei pinnefruchten fan kollega skriuwers.

Guon ha al wer tasein dat se ek mei sutelje wolle. Kinne noch wol wat mear by, hear. Efkes melde fia de mail, it adres stiet wol op Tsjil.org, de webside fan de stifting.

Stifting Tsjil stiet foar in drokke moanne. Wy ha der nocht oan. En tongersdei 18 en freed 19 septimber net ferjitte dat der jûns yn de pop-up store oan de Merk yn Drachten (tsjinoer kafee Marktzicht) twa Fryske jûnen organisearre wurde sille. Hylke Speerstra en Eddy Dijkstra op tongersdei, Hilda Talsma, Martsje de Jong, Willem Schoorstra, Jack Bottleneck en ik sei de gek op de freed. Beide jûnen om 19.30 ynrin.

En de tagong? Dy is fergees. Dat is 0 euro, dus. Nul. Euro. Fia it mailadres op Tsjil.org kinne jo oanjaan dat jo komme. Fol is fol. Belje kin ek. Der stiet wol in nûmer op de side.

6 septimber set it feest útein. Yn Menaam en Warten sille wer kroaden fol mei boeken troch de strjitten treaun wurde. It resultaat fan sawat in jier tariedings. It wurdt grif wer prachtich.

   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen