Ien dei net Facebook.

Goed.
Ik woe hjoed efkes melde dat der hjir net ien syn of har jierdei hat.
Ek is it sa dat ik hjoed it hiem net meand ha.
Boppedat moat ik tajaan dat ik net foar in skilderij stien ha om der nei te sjen.
Ek is der hjoed gjin bernefoto yn in tobbe fan my online setten.
Ik hie hjoed ek neat te melden oer in te koarte dielnimmerslist.
Wy binne net nei Syrië ferhuze.
Sneu, mar wy ha de katten hjoed ek net op de foto setten.
Ek ha ik gjin hûn kocht, bin ik ek net fan doel.
Flyboarde ha ik hjoed net oan tiid hân, earlik sein wit ik net wat it is.
Ik ha ek net in ein om west mei Runkeeper om jim dêrnei te fertellen dat ik in ein om west ha mei Runkeeper, chech it dus not out, sis mar.
Sudoku doch ik net oan. Hjoed net, moarn ek net.
Candycrush? Eh, wat is dat?
Hofkesjonge hie ik gjin tiid foar.
Ik ha ek neat uploaden.
Nee, ik ha nimmen betanke foar in artikel yn de krante. Hjoed net dien.
Gjin djipsinnich stik online setten oer de miening fan it libben, sorry.
Ek gjin gedicht skreaun.
Nee, tosken net witer makke.
Ek gjin selfie makke.
Net nei skoalle west.
Gjin âlde foto's besjoen.
Gjin post posten oer hege posten yn Brussel.
Spitich, ek gjin Waadfoto's hjoed.
Gjin aksjefoto fan my sjoen, hoewol dêr wol oanlieding foar west hie. Misbeteard, jammer.
Gjin clip fan ien as oare punkband promoate. Nee, echt net.
Net in flauwe opmerking oer de Lawei dien. Hie kinnen, mar is der net fan kaam.
Ik ha hjoed Fred Emmer net sjoen.
Net yn de kroech sitten, it soe noch kinne, mar ik sjoch it somber yn.
Gjin iPhone kocht, sil der ek nea fan komme, ik bin fan Samsung, mar sels dy: Hjoed net feroare.
Noch net nei Djazz.tv sjoen.
Noch gjin waarm iten hân en der dus ek noch gjin foto fan naam.
Ik ha gjin foto fan KPN dield.
Gjin kontakt mei de Rabobank hân nei oanlieding fan steurings.
Net folle mei de frou praten, se wie hjoed fuort.

Je soenen sizze, wat hat er dan wol dien?

No, ik ha oan it wurk west. En alle flauwekul hjirboppe stiet op Facebook.  

  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen