Woef

In the paper today, tales of war and of waste, but you turn right over to the TV page. (Crowded House)

Wat in geweldige tekst is dat eins. De komplete waansin dêr't de wrâld him 100 jier nei de 1e wrâldkriich yn driget te stoarten ien ien rigel relativearre. En it is begryplik, want it is gewoan tefolle, al dat 'nijs' dat ta ús komt. Wa sjocht der noch oars fan?

Famke deamakke omdat se in mobile tillefoan hie. Mei stiennen deasmiten. De âlderwetske methoade, sis mar. (Yn Pakistan, wurdearre tsjinstanner fan Ingelân en Nederlân by cricket en hockey)

Swarte ISIS flaggen yn de stêd dêr't it ynternasjonale strafhof sit. Yn myn lân, ferdomd. En de oerheid sjocht de oare kant út, folslein net by machte om de saken op wearde te skatten. Is ek dreech, ik jou it ta, mar ha wy dan neat leard?

No, dat binne twa. Dan noch in amtner dy't de skuld wer ris by de zionisten delleit. Alles is in grut komplot, en de dame yn kwestje is sa fol fan harsels dat se der gjin spyt fan hat. Stel dat dit no oarsom en bygelyks yn Pakistan bard wie, dan hie der in foto yn de krante stien. 'Frou stiennige om westerske tinkbylden'.  Dat hie har foarlân weze kinnen. Hjir skorse we it minske en betelje har gewoan troch. Jo en ik dus.

Ja, sa moat it ek, want dat is beskaving. Mar hjir of dêr skjirret it. It komt sa freeslik fan ien kant, dy beskaving, sa't it liket.

Wa sjocht noch oars fan de koppen yn de krante? In pear tûzen deaden hjir, in pear tûzen dêr.

Der moat earst in hûn fersopen wurde, wolle we hjir út de djippe simmersliep wekker wurde.

Dekandint kloatelân. Myn lân. En ik woe foar gjin nochsafolle yn dy oare lannen wenje. Sa min ha we it hjir dus net.

Woef.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen