Rockstar

Troch omstannichheden moasten wy de lêste dagen in kear as wat op besite yn in hospitaal. No is dêr in soad leed, mar foar de minsken dy’t it sjen wolle is der ek in soad aardichheid.

In pear tips:

Gean, as it heal kin en de pasjint net op bêd lizzen bliuwe moat, op it drok punt yn de gong sitten. Der steane tsjintwurdich oeral sitjes dêr’t jo je deljaan kinne. It hat wol wat mear leven, mar de rispinge oan treflike bylden is grut.
Gean ek foaral by in treppehûs sitten.

Hjoed seagen wy in heit fan in rockstjêr. De man hie in bril fan syn soan krigen, dy wie sa tsjuster dat syn besite neat fan syn eagen sjen koe. Hy stuitere ek hast tsjin in peal oan, dat hy wie donker genôch. De man wie net mear sa linich yn de heupen, mar hie de looks noch omraak.

Ek moasten wy tsjûge wêze fan in prachtige sêne op de trep. In frijwat topswiere frou moast fan twa heech nei ûnderen klauterje. Se hie ek in man, mar dy rûn fjouwer treden foar har út. Neffens myn selskip woe dy har opfange mocht se komme te fallen, mar dat hie grif net goed kaam, sjoen it gewicht fan har en fan it lichte mantsje.

Lokkich wienen we al yn in sikehûs, de reis hie net lang duorre as der wat mis gien wie.

Fierder ha wy in man mei in seare foet sjoen, syn frou hie de hân yn it gips. Soks jout te tinken. Wat is dêr bard? In mislearre oefening karate? In oare kalamiteit? Hoe dan ek, se koenen byelkoar sliepen bliuwe. Se sille it minske net mei opsetsin de earm brutsen ha, wol? Dat de man net allinnich wêze kin of sa?

As lêste kaam der in dokter foarby. Mûtske op. It doel dêrfan is net helder, hy hie stikelhier dat oeral ûnderwei stuts. Fan dy wite klompkes oan, 70er jierren ark. Ik wist net dat se noch bestienen.

En dan is it ek alle kearen wer treflik om minsken te bestudearjen dy’t foar in lift steane te wachtsjen. Foaral it momint dat de doar iepengiet en sy der yn sille. Blykt dat der folk yn dy lift stiet dat der earst út moat. Teloarstelling en lilke koppen fan de lju dy’t der foar steane. Prachtich moai.





Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen