maandag 25 augustus 2014

Fuotballers

In minister fan bûtenlânske saken dy't net yn juny nei it bûtenlân wol.
In fiskferwurker dy't foar âlven moarns gjin fisk ferwurkje wol.
In lasker dy't op tongersdei net laskje wol.
In kapper dy't nei fiven net mei in skjirre knippe wol.
In hurdfytser dy't net fan de berch ôffytse wol.
In sjonger dy't net op sneontejûn sjonge wol.
In sjoernalist dy't net op tiisdei om twa oere ferslach dwaan wol.
In deagraver dy't it ferpoft om in grêf wer ticht te meitsjen op woansdei tusken 13.00 en 13.10.
In hockeykeeper dy't yn de earste twa minuten net keepe wol.

Sa kin ik noch wol in skoft trochgean. By alle foarbylden sille jim tinke: Dy is gek. Dat kin gewoan net. Yn prinsipe is dat wurk wegerje.

Noch ien.

In fuotballer dy't net yn tsjinst fan it team, dat jierrenlang yn him ynvestearre hat, op it middenfjild fuotbalje wol.

En dan?

1 opmerking:

  1. Efkes in praatsje meitsje mei it jonkje. En him goed dúdlik útlizze dat hy dêr spylje moat wer't de trener tinkt hem noadich te hawwen. En oars mar in basisplak op de bank. Moandeitejûns op Skoatterwâld foar heechút 2000 minsken fuotbalje.....Ek leuk!

    BeantwoordenVerwijderen