It spyt my

Ja, leave blochside, do hast rjocht fan praten.
Ik behannelje dy net mei respekt. Sterker, ik sjoch de lêste tiid amper nei dy om. Net omdat ik dy net mear leaf, aardich en belangryk fyn, mar gewoan omdat der de ôfrûne tiid tûzen oare dingen oan de oarder wienen. It wurk, in oantal nuveraardige saken op tv dy't him foaral op Nederlân 2 ôfspylje en dan noch de opstigings fan dyn baas dy't him ynlitten hat mei in stel tige aardige minsken mei deselde ôfwiking, nammentlik dat se wat ha mei Fryske boeken. O, en dan ferjit ik dy muzyk, it online jeuzeljen om neat en 25 oare dingen noch.
Do hast dus wol troch dat dyn baas prioriteiten stelle moat, ien fan de saken dêr't er drastysk op besunige hat is spitigernôch it skriuwen by dy en it skriuwen yn it algemien. Dyn baas syn fingers dogge sear fan skamte as er dy dit fertelt, mar earlik duorret it langst, seit it sprekwurd, en dat sille se wol net samar betocht ha.
No kin ik dy fan alles oan de noas besykje te hingjen oer it wêrom, my ferlieze yn ekskúses en leagens dy't nearne oer gean. It komt der gewoan op del, leave blochside, dat de dei hjir 24 oeren hat, wêrfan't dyn baas besiket in stik as sân te sliepen. Soks slagget mar amper.
Ik sis dy ta dat it oars sil, leave blochside. Echt. Dyn baas sil de kommende winter wer mear mei dy dwaande wêze. As de blêden fallen en oprêden binne. As de hjir of dêr in nij mr-lid beneamd is. As der yn septimber in wrâld oan Fryske boeken ferkocht is. Dan komt dyn tiid. Dan sil ik dy wer de oandacht jaan dyst fertsjinnest.

Mei ien betinkst.

As der iis leit, kinst it wol ferjitte.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen