De macht fan de oargelist

As je yn tsjerke sitte, wolle de gedachten noch wolris earne oars wêze of bedarje. Dat seit net daliks alles oer de preek, mar meastal mear oer jo eigen drokte yn de holle.
Sa gienen fannemoarn myn tinzen efkes werom nei immen dy't der net mear is. Dat is spitich, want de persoan hie humor. Sjoch, as je as jong broekje fan in jier as 30 yn de tsjerkeried komme, binne jo debutant. Dat wit de oargelist fansels ek wol. En as je dan kollektearje moatte, is it foar sa'n oargelist hearlik narjen.

Wat?

No, as je wat mei de intro's fan gesangen op de hichte binne, meastal is de kollekte foar it slotlied en it slotlied is meastal in evergreen, bruts it swit my wolris út. Mei noch in stik as fiif rigen te gean, begûn de oargelist al in ein oan it foarspul te breidzjen. Hy hie de sport om de gemeente, krekt foardat ik klear en te plak stie, begjinne te litten mei de slotsang. Dat die er der om. Ik ha him der wolris oer oansprutsen. 'Dan moatst wat flugger kollektearje,' spruts er laitsjend.

Hy leit no op it hôf, as er goed sjocht, kin it it oargel dêr't er 60 jier lang op spile hat, noch sjen. Sa ha je wolris je gedachten.



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen