Stil

Hjoed is de earste fan twa dagen yn it jier dat by ús de Fryske flagge brûkt wurdt. Ik wit net wêrom, mar der binne saken dêr't ik tige prisipieel yn bin. Hjoeddedei is fjouwer maaie de betinking fan alle slachtoffers, mar foar my bliuwt it gewoan foar de 2e wrâldkriich. Makket ek net út, elts docht mar wat er goed tinkt.
Wy binne ek altyd twa minuten stil. Eartiids, doe't ik noch yn ploegetsjinst yn in fabryk wurke, wie dat fansels not done. De stoere mannen hienen der neat mei. Seinen se. En dus de grutste bekken om acht oere hinne. Och wat stoer. Ik ha se der altyd om ferwinske. No noch. Meastal gie ik efkes nei bûten, of in slach troch it lawaai fan de fabryk. Mar ik wie stil, dus de herrie fan de masines koe my neat skele, dat wienen domme dingen, troch minsken oansetten. It gebral yn de kantine koe ik net oanhearre.
Ek fyn ik dat alle minsken dy't op in dyk ride dêr't je wol efkes stopje kinne, dat dwaan moatte. Jim sille it âlderwetsk fine, mar sa tink ik der oer.
It folslein net respektearjen fan in betinking fan in freeslik barren is goedkeap. Kening Willem sil jûn in krâns lizze. Lokkich mar. Ik moat der net oan tinke dat M... Lit mar. Aanst wurd ik wer foar fan alles útmakke.
4 maaie. De wichtichste dei fan it jier. Tegearre mei moarn. Mar dat is ferwurden ta in slempfeest.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen