Prachtige Amerikaanske wynmûne restaurearre

As wy eartiids de kij weiden oan de Knypster kant, tsjin it kanaal fan Oranjewâld nei De Knipe oan, koenen wy him sjen. Ik ha it no oer 35 jier lyn of sa. Doe wie it al ien bonke rust en wurke er net mear. As ik oan it aaisykjen wie, koenen je der efkes tsjinoan hingje om de fûgels te bestudearjen, mear funksje hie er net mear. Earlik sein wie it gjin fersiering, mar it ding stie der no ien kear. It hearde der by. Krekt as de oare âlde mûnen, dy't soms gjiniens wjukken mear ha. (De Jouwer, Aldegea SM)
Mar hjoed seach ik yn de krante dat se de Amerikaanske wynmotor oan de Wâldsterdyk wer hielendal opknapt ha! Prachtich moai! Hy is hast oantreklik troch syn ienfâld. Sjoch mar yn it artikel hjirûnder. Eins is it de Amerikaanske ferzje fan in tjasker sa as we dy hjir hienen en ha. In grut komplimint foar de minsken dy't harren hjirmei dwaande holden ha. In stik erfguod is bewarre bleaun en dat is yn de tsjintwurdige tiid it fermelden wurdich. Boppedat tsjinnet er no noch in oar doel, de skoalbern leare in stik skiednis fan de streek.
It glês is hjir healfol, dat mei dúdlik wêze.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen