De ereksje fan de Topferkeaper

It folgjende ferhaaltsje spilet him ôf yn in net neier te neamen showroom. Hjoed.

In frijwat gewoan klaaide man rint de glimmende toanseal yn. Hy wit wat er moat. De man leveret de kaai yn oan de baly, de meiwurkster seit dat dit har twadde dei on the job is. Makket neat, se sil de monteurs ynseine dat de man syn auto efkes tuskentroch besjoen wurde moat. Yntiids hat de frijwat gewoan klaaide man al eachkontakt hân mei de man dy't gewoanwei efter de baly sit, dus jout er him gerêst del oan de ovale tafel. De kofje komt út de automaat, mar is fan redelike kwaliteit. Der sit noch immen oan de tafel, in man mei in smel snorke ûnder de noas bedriuwt de leafde mei syn iPad. It liket dat der neat oars op de wrâld bestiet as it skerm foar syn noas. De frijwat gewoan klaaide man giet sitten en nei trije werhellings fan it nijs slacht de iPad man syn eagen op as der bylden oer de fermiste famkes yn Nigeria op it breedbyldskerm komme. 'Net bêst,' seit de frijwat gewoan klaaide man.
'Tsja,' is it wiidweidige antwurd fan de iPadman, dy't mear aadichheid oan it folgjende nijsitem hat, in boargemaster dy't net mei de kloeren fan de froulju ôfbliuwe kin. Dat soarget foar wat opwining en it snorke trillet der oer. It nivo fan managerman iPad is hjirmei oantoand en de frijwat gewoan klaaide man beslút him fierder te negearjen.
Dêrmei is de wachtromte ynearsten ferwurden ta in frijwat saai fertrek. Oant it momint dat Nederland beweegt op TV komt. Olga Commandeur stapt wer flink hinne-en-wer, de frijwat gewoan klaaide man nimt efkes tiid om in foto op de sosjale media te setten en wit dat dêr grif reaksje op komme sil, en sa is it ek. It soarget foar in glimke op syn gesicht yn de glimmende, mar fierder sielloaze romte.
Dat feroaret. In eptich hear mei foute brune puntskuon en en oanmjitten pak stapt troch de doar. Wat mear yn it each springt, is de yn aluminiumfolie ferpakte lunsj, dy't er as in heale ereksje omheech hâldt.
Hjir ha wy de topferkeaper. Hy stiet in tel as wat as de Grote Roerganger stil, flak troch de doar, as wol er alle yndrukken fan de toanseal yn him opnimme alles opsûgje en it folk dat al lang oan it wurk wie de yndruk jaan dat de dei no echt begûn is. Hy, The Main Man, is der. De ereksje lunsj docht ôfbreuk oan it gehiel, de frijwat gewoan klaaide man krijt in gefoel fan ôfkar en sloppe lach dy't stride om wa't him it earste oppenearje sil.
De topferkeaper ferdwynt en faget earst in junior ferkeaper de mantel út. Soks is goed foar it ego, efkes wat beakens delsette. Efkes tsjin in poat oanmige, omdat it kin. It jonkje komt mei in heechreade kleur oanrinnen en begint ferwoest auto's in heale meter te fersetten. Dat sil grif dy earste yndruk fan de topferkeaper west ha. Alles moat hjoed oars, better. Hy, de fisionêr, sjocht soks daliks en moat it oerbringe op it twadderangs folk dat spitigernôch ek bestiet.

Dan komt it hichtepunt fan dit blijspul. In auto, flak foar de kofjecorner, stiet fansels ek net goed. As in stoaterske hoanne komt de Topferkeaper der oan tippeljen. In frijwat bitende blik nei de frijwat gewoan klaaide man. 'Wat moat sa'n boer hjir yn myn seal?' strielet him fan it gesicht ôf. Hy hipt linich yn de splinternije stationwagon, ik skat him op in rûchwei 40.000 euro. Bannen as in Leopardtenk en it liket wol in romteskip, sa'n bak.
De topferkeaper stekt eigenwiis it startdevice, want in kaai ha dy dingen net mear, yn  it kompartimint dat dêrfoar ornearre is en mei in 'Wa sil my wat dwaan...' gesicht drukt er op de startknop.

Klik... klik... klik...

Sa dea as in pier. In topper yn de showroom, in 'yn it each springer' docht neat oars as klik, klik...
It ûntkaam de frijwat gewoan klaaide man. Hy prûste fan it laitsjen. Topferkeaper wie not amused. Sterker, hy wie hellich! De junior ferkeaper moast it ûntjilde en draafde mei in startbooster troch de showroom. De frijwat gewoan klaaide man hie oan in heale tel eachkontakt mei de topferkeaper mear as genôch. Wedstriidsje wa hat de grutste wie glânsryk wûn troch de frijwat gewoan klaaide man, dy't der neat foar hoegde te dwaan, útsein sitte, bakje kofje drinke, wachtsje, nei Olga Commandeur sjen en smaaklik laitsje om de karriêretiger Topferkeaper dy't grif mear yn de moanne hat as de frijwat gewoan klaaide man yn it jier. Mar wat in earmoede as je it sa fertsjinje moatte...
De iPadman hat neat meikrigen fan alle humor, dy't dizze kear net op de dyk lei, mar yn in glimmende toanseal. Mei Olga Commandeur der op ta. Prachtige moarn hân.      

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'