Boekelist, better as jeuzelje

Treflik nijs hjoed.

Wy moasten eartiids foar skoalle boeken lêze. Dan kamen je al gau by Het bittere kruid en mear fan soks út. Prima boeken, dêr net fan. Ik ha mei nocht de Max Havelaar lêzen. Doe't ik tsien wie... Tsjinwurdich kinne de learlingen dy boeken op ynternet al efkes foarselektearje. In koarte beskriuwing, ûnderfinings fan oare studinten, hokker nivo it boek hat en mear fan soks. Ideaal, dat ynternet.

Hjoed kaam nei bûten dat op de webside Lezen voor de Lijst ek Frysk wurk komme sil. Njonken Nederlânsk en Dútsk komt by de te kiezen opsjes ek it kopke Frysk. Ynearsten komme der 30 titels op de list, letter út te wreidzjen nei 50.
Babs Gezelle Meerburg fan de NHL fertelde der entûsjast oer yn Omrop Fryslân Aktueel.

De klassikers fan foar de oarloch sille net ûntbrekke, mar ek modern proaza sil op de list komme. Op Ensafh.nl stienen ûnderoare Jetske Bilker, Marga Claus, Ate Grypstra, Hanneke de Jong, Auck Peanstra en Willem Schoorstra as skriuwers dy't yn de beneaming komme. En noch in frijwat ûnbekende hapsnurker, ik bin syn namme efkes kwyt.

Sjoch, as we hjir no ris wat enerzjy yn stekke, soe it samar sa wêze kinne dat de jeugd by tafal in aardich Frysktalich boek lêst en der ek noch wat fan fynt. Dat liket my folle better as in jier lang jeuzelje oer hoe't jo no romte of rûmte skriuwe moatte. Stel je ris foar hoefolle kofje dy diskusje no al koste hat. Je soenen der in mageswolm (sprektaal???) fan krije.

In taal is altyd yn beweging. Yn dat jier praten binne der grif al wer nije Fryske wurden ûnstien dêr't de taalpuristen no noch fan spuie, mar dy't foar de jeugd sa gewoan as in selfy binne. Want der is net in Frysktalich bern dat it oer in selske hat. Dat is betocht, net ûntstien.

In list mei Frysktalige boeken foar de jongerein op it fuortset ûnderwiis. Dat is de kant dy't we út moatte. Mei boeken dy't dy bern oansprekke. En romte of rûmte? Ach, soks wiist him fansels wol. Wy geane kapot oan regels en wetten. Lit it Frysk mar moai gewurde. Dan hat it mear takomst as yn in betocht harnas.    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen