Bisten yn it nijs

Wy ha de list krigen mei alle partijen dêr't je op stimme kinne foar de Europeeske ferkiezings. Der wie ek in test dy't je dwaan koenen om út te finen wêr't je dan eins op stimme moatte soenen.  As je op in stik as wat fragen antwurd joegen kaam der samar fergees in opsje dy't by jo passe soe. Ik ha de test ek dien. Kaam in frijwat nuver resultaat út. Gean ik fierder net op yn, mar ik soe der net op stimme omdat ik net iens wist dat de klup bestie.

Ien fan de fragen gie oer Israel. Doe hie ik myn nocht der al fan. Net in oar lân wurdt neamd, allinnich Israel. Fierder ek mar net op yngean, de teannen binne lang, no?

Goed. Doe mar ris googele hokker stimwizers der noch mear binne. Aha, de boerestimwizer bestiet ek. Dy mar efkes dien. Kaam aardich better út wat ik tocht dat ik stimme soe.

Jammer dat der net frege waard hokker bisten jo op dizze ierde wol misse koenen. Dan hie ik de oanfierders fan Boko Haram opskreaun.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'