Oplawaai

It is de stille wike foar peaske. In wike dêr't yn de tsjerken stilstien wurde sil by it alles dat dêrmei te krijen hat.

It sil hjir gjin stille wike wurde. Jo wolle alles wat kreas ha foar dy feestdagen, boppedat ûntjout de natuer him sa idioate fluch dit jier dat ik al foar de twadde kear mei it ûnkrûd yn de slach west ha, dat wylst in jier lyn alles noch begjinne moast. Ek is it sa dat alhiel yn de sfear fan peaske der altyd minsken by weifalle, dat is in gegeven. Dus drokte genôch.

Ien foardiel.

Myn betrouwen yn it fatsoen fan guon minsken hat foar de safolste kear sa'n oplawaai krigen, dat ik alle, ik werhelje, alle jûnen fan dizze wike de tiid ha om my ta te rieden op in optreden mei de band, kommende sneon. De TV hoecht net oan. En oer dit bloch wurdt net korrespondearre. Smoar der mar yn. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen