Omrop Fryslân, hoe lang noch?

It is allegearre prachtich moai, dy nije media. En ús generaasje makket it allegearre mei. Gean mar nei, doe't wy lyts wienen, sa om 1970 hinne, wie der swart-wyt TV, Jolt Protter brocht de Ljouwerter krante om in oere as healwei fjouweren, woansdei wie der Stuif es in op Nederlân ien en Fred Emmer lies it nijs foar.

Op de radio wie it ek helder, in jier as tsien, fyftjin letter kaam Radio Fryslân yn syn folle gloarjejierren. In freeslike ramp yn de foarm fan trije sniedunen yn 1979 wie de basis, wy fielden ús ferbûn mei alles dat de lokale rampestjoerder brocht.

Earlik sein wienen der doe ek geweldige radio oerkes. No moat ik der fansels om tinke, teannen binne lang yn ús provinsje, mar dy tiid is foar in grut part oer en út. Kwaliteitsradio sa as dy yn Studio Prinsetún makke waard, is gjin romte mear foar. Diels troch te min jild (of alles is gewoan te djoer wurden?) en troch it fluchtige en hymjende karakter fan wat de hjoeddeistige 'sjoernalisten' nijs neame. In útsûndering is it prachtige live programma fan Willem de Vries op freed. Foar in bepaalde doelgroep, mar werkenber. Wat de buroredakteuren no dogge, is it nijs op harren takomme litte, ynstee fan der op út te gean. Sil ek mei jild en tiid te krijen ha, mar wat is nijs dat wy hearre wolle?

Eartiids wie der jûns nei seis oere in rom ferskaat oan ferskillende programma's. Radio 18 om mar ris wat te neamen. Ennema en Scheffer harren begjintiid yn omroplân. En fansels it bêste dat de Fryske radio ea hân hat, It wapen fan Fryslân. Sorry, mar dy kwaliteit yn ferskaat is der net mear. Froskepôle is ek ín útsûndering, mar dat betsjinnet lang net alle potensjele harkers. 

Doe't ien as oare gelearde betocht dat 'horizontale programmering' it biedwurd wurde moast, wie der in begjin fan de ein oan de sjoch- en harksifers ûndertekene. It sterke punt fan Radio Fryslân, no de Omrop, wie no krekt dy ferdjipping en it ferskaat.

No wit nimmen mear wêr er 'syn' of 'har' stikje fine moat. Radio 18 wie yn de eagen fan myn âlders in gruwel yn gods eagen. Wylde en woeste muzyk. Mar dêrom hjitte it ek Radio 18. Dat wie de doelgroep. Sa hienen alle oeren Koperen Tún ek in tema. Stie it jo net oan, wie de grif in dei letter in ûnderwerp dat wol by jo paste. En dêr waard dan daliks in soad oer sein. In oere lang. Ferdjipping. Faaks oer lokale saken. It nijs ticht by hûs.

'En dan no wat nijs út de libbene natuer. Piet de Graaf út Langsweagen hat in ein op 12 aaien, en dat al yn febrewaris, Jantsje Breeuwsma út De Wylgen seach in guos mei in lamme poat yn it bûtlân by Smelle Ie, dy hat se nei de Fûgelpits brocht.' Dat wie Hans de Jong. Nijs ticht by hûs. Piet en Jantsje bliid, se wienen efkes op de radio, de buorlju hienen wer wat om oer te praten. No ha we ek in waarman, dy't ús fertelt dat de sinne it dreech hat. Fierder bêst hear, mar de horizontale programearring skriuwt foar dat de presintators in 'begjinfraach of opmerking meitsje moatte, om it leuker te meitsjen'. (leuk is gjin Frysk wurd) Om it mar hiel foarsichtich te sizzen, ik kin my wol yntinke dat je dêr op in gegeven momint strontsiik fan wurde om yn opdracht altyd wer wat te betinken om it 'leuker' te meitsjen.

Nochris, it sil mei jild te krijen ha. Mar sawol de kranten as de Omrop ha it dreech (en hjir past it wol) om lêzers en harkers oan harren te binen.

Dy horizontale progamma's? Alle dagen itselde? Wêr binne de moaie ferhalen oer fuotbal yn de 6e klasse bleaun? De F'kes? Wêr is de brede diskusje oer literatuer? Wêr is de krityske noat oer de polityk? Wêr binne de tiden bleaun dat Steateleden mei it swit yn de hannen nei de studio kamen om op it harspit lein te wurden? O, ja, we wurde der troch betelle, dus mar tuike tuike... De dea yn de pot, dus.

De reportaazje oer de fytser. Dêr ha de minsken it oer. Der soe ek romte foar sport bliuwe. Om finansjele reden ek mar skrast? Wa hat Broekster Boys, Oeverzwaluwen of BCV dit jier op TV sjoen?

De nije media. Wy meitsje it allegearre mei. Ek de yntolerânsje as it oer it Frysk giet. Yn de tiid fan Stuif es in wie der hast nimmen dy't him as har der oer bekroade dat de lokale omrop it nijs yn it Frysk brocht. No easkje se dat we ús hjir ferbrekke. Sels op de sosjale media komt it geregeld foar dat immen reagearret mei in heechhertich: 'En nu maar even gewoon in het Nederlands...'. Dat wylst it ferplichtsjend karakter fan it lêzen fan iets op Facebook my folslein ûntgiet. 

Eartiids wie alles better. No, nee. Mar de nije media soargje wol foar in stik ferflakking. Want sjoch op twitter en eltse him as har respektearjende dame as hear 'docht it' yn it Ingelsk. Neat gjin Nederlânsk mear. As it Frysk ferdwynt, is it Nederlânsk ek al hast weiwurden, dêr sit minder as in generaasje tusken.

Dat sil ik net mear meimeitsje. En ús bern ek net. Mar troch de nije media bliuwe der yn de takomst twa as trije talen oer. De rispinge fan de foarútgong.





 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen