Kurt Cobain fuort knipt

Dat Bavaria net te sûpen is en je der pine yn de kop fan krije, wit ik al 30 jier. Dochs binne der minsken dy't it drinke, en dat moatte se foaral sels witte.  Wy neamden it pinekopbier.

Hjoed wie it wol de dei fan de drankjes. 'Us eigen' Doutzen dy't it good old waaidrankje Rivella promoatsjen giet. Frysker kin it net. Se miene dêr yn Ice Dome fermiddens hiel wat, mar Rivella komt gewoan út de Stellingwerven. Halbe Zijlstra ek, mar alles hat syn útfallen...

En dan Bavaria. Dy makket reklame mei deade popstjerren. It Buddy Holly effekt. Elvis, Marilyn Monroe, Tupac (??), Bruce Lee (wist net dat er dea wie), John Lennon en Kurt Cobain meie nochris firtueel opdrave om de minsken oan dat bocht te krijen.

Ik soe der postúm noch foar bedanke, mar wûnderbaarlik is 't, op de foardracht fan Cobain kaam safolle argewaasje dat Bavaria him der út knipt hat. Slappe hap. Dan mei útflechten komme dat soks gebrûklik is nei in earste yntroduksje... No, as je Kurt Cobain fuort knippe en Bruce Lee stean litte, is myn gefoel fan swiere pine yn de kop as it oer Bavaria giet wol op syn plak, liket my.

The brand who sold the world.

  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen