Koarte kursus suteljen troch Johan Veenstra

Hoefolle skriuwers yn Fryslân soenen in eigen webmaster ha? Ik ha gjin idee. Ien wit ik it al fan, de wrâldferneamde Stellingwerver Johan Veenstra. Webmaster Jan beheart Johan syn webstee. Dan kin de skriuwer him folslein oan syn eigen kreative proses oerjaan. Sa moat it ek.

Mar wy ha net allegearre de beskikking oer in eigen webmaster. Wy grieme mar wat om, ha tefolle drokten bûten de skriuwerij en komme hast net mear oan de core business fan it skriuwen ta. Johan hat it tûk besjoen. Sa koe er yn de rin fan de jierren 255 kear op de Omrop, doe noch Radio Fryslân, syn stiekelstokkies hearre litte. Webmaster Jan stjoerde my (noch tige tank, Jan!) in cd mei in stik as wat stiekelstokkies. In kostber besit!

Op 12 oktober 1989 (!) spruts Johan Veenstra in stiekelstokkie út oer de sutelaksje yn de Stellingwerven. Dy aksje hienen se dêr ôfsjoen fan de Friezen, sei er. No binne wy hjir wer sa fier dat wy it wer fan de Stellingwervers oernimme. It is allegearre tige bysûnder. Hawar, in oantal tips and tricks foar de doarpen dy't yn septimber meidwaan sille oan de sutelaksje fan Stifting Tsjil: Johan Veenstra hie der fjouwer.

1: Kom mei in goed sin by de doarren.
2: Aai de hûn oer de kop. Al skite je sân kleuren, de hûn is wichtiger. Aaie dat bist. Al is it in kring.
3: Sis dat de tún der fleurich by stiet. Al stiet it gers oan de finsterbanken ta, it sjocht der prachtich út.
4: Gean net nei in boer ta dy't op it hiem oan it wurk is. Daliks op de frou oan. De boer hat gjin tiid. De froulju ha ek harren útfallen, mar de froulju binne fan de kultuer.

Neffens Johan komt it dan wol goed. Dit is al sa'n 25 jier lyn ynsprutsen, mar de measte punten kinne jo ien op ien oernimme.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen