ə. Kinne jo dat? En pealdûnsje dan? Foar de Mienskip?

Krekt as in oare Frysktalige blogger moast ik hjoed ek efkes yn De Hoofdplaats wêze. De reis út de al moai opgrienjende Wâlden nei de keale flaktes fan de Heak docht altyd wat unheimisch oan, mar jo wolle mei in pear oaren wat foar de mienskip (...) betsjutte, dus dogge jo wolris wat. De RamVan docht syn wurk, dus kinne jo al slingerjend der úteinlik sittendewei komme. Ik hoopje yn de goedichheid dat se dy diken rjochting it fertroude Feen aanst noch al wat rjocht meitsje, der leit no foar in fermogen oan ferlern asfalt te kronkeljen, krekt as is de tagong nei De Hoofdplaats oan it pealdûnsjen. As je al net weinsiik binne, gean ris dat út en je koarje de heale wrâld der ûnder.

Konsintrearre oant yn ieren en sinen seach ik dus myn meibestjoerslid oer de kop en dy hie neffens eigen sizzen poatoan om my yn te heljen op myn mars rjochting it sintrum fan it sintrum fan it sintrum fan Fryslân. Al leit dat wat my oanbelanget DKV, mar dat sil gjin geheim wêze. It is as 4G sûnder berik, prachtich moai, mar je ha der neat oan.

No komt in sin dy't totaal net rint, eins is it in gedrocht fan in sin, ik sis it mar efkes, mochten jim der yn 't foar al tabak fan ha, kin ik my der alles by yntinke en foarstelle, mar hjir komt er. 

Wy ha nei de earste (ik mei wol sizze histoaryske) gearsit fan in healoerke, wêryn't ik, sûnt ik in hûs kocht ha, wer ris foarlêzen waard, ek noch in etablissemint besocht. Pfff, dat is der út. It wie in tinte oan de foet fan dy nuveraardige, brike, stompe mar och sa oandwaanlike toer, of wat dêr foar trochgean moat. Omdat ik myn taks oan kofje wol sa'n bytsje hân hie, ha ik dizze kear tee naam. Soks is altyd ôfwachtsjen en hat syn útfallen, krekt as de preken op snein, mar de betsjinners yn de bewuste útspanning brochten goed sean wetter. Neat mis mei. Wy ha der efkes noflik sitten, al te djipgeand waard it petear net, wy dienen oan aapkes sjen en digitaal byjeuzelje mei in noch yn oantocht wêzende bestjoerder. Dy koe samar de e oarsom type. Sa: ə. Kinne jo dat? Mei oare wurden, genôch ferdivedaasje.

Doe wie it al hast tiid om nei hûs. Wy ha ek noch koart neipraten. Dat wie dan wer nei in twadde gearsit. Sjoch, no net wer sizze dat wy de tiid net folplenne en tige ekonomysk te wurk geane, want dat is net wier. Neat fan in jildfergriemend fehikel te fernimmen. Op kollums datoangeande reagearje wy 'met een (1) holle lach' en geane oer ta de oarder fan de dei.

De weromreis wie lang trochdat it gros fan de autoriders ek stûf fan doel wie om De Hoofdplaats efter harren te litten, mar dat ha je der fansels graach foar oer. Jo geane wer nei jo comfort zone. Dêr wêr't de parrebeam bloeit, de loft suver is en de grûn net oan de skeppe kleven bliuwt. 

Prachtige middei. Ik sil efkes fytsbannen oppompe. 

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'