DE VEERBOOTOORLOG IS VOORBIJ (wil de volgende ondernemer zich melden?)


Litte wy der mar net tefolle mear oer sizze. Ien ding: Want it leit my as in stien op de mage. Steatssikretaresse Wilma Mansveld is de heldinne, sy hat de nijste frede fan Munster út it fjoer sleept. Wat in powerhouse, dy Mansveld. Lof en eare foar dizze trochpakster. Einliks ien dy't boppe de partijen stiet en gewoan saken docht.

Mar...

It frommes hat jim allegearre moai by de poat. Want yn de sin: 'De staat koopt de veerdienst uit voor 9 miljoen euro (LC, 4-4-2014)', leit besletten dat sy gewoan jo en ik betelje lit foar har keunststikje.
Ordinêr belestingjild as ôfkeap foar konkurinsje op in feartsjinst. Ik bin it yn 'e regel foardat er wat seit al ûniens mei Sander de Rouwe, mar dizze kear hie er gelyk. Wat as der moarn in nije ûndernimmer opstiet en seit: Dat gedoch mei Wagenborg nei Skier kin ik grif better. Ik keapje de Spathoek oer fan Doeksen, want dy wolle se dochs it leafst ôfsinke litte, safolle rankúne sit der grif noch wol, en mei dy Spathoek begjin ik nije wike te farren fan Lauwerseach nei Skier. Wat dan?

Doeksen en de EVT komme beide as winner út de striid. EVT mei 9 miljoen en Doeksen kin slûchslim de prizen wer omheech dwaan. Mei tank oan frou Mansveld. Se ha aanst noch in boat te ferkeapjen ek, dus in win-win situaasje.

En wa mei foar de kosten opdraaie? Jo en ik.

Se smoare der mar yn. Ik gean nei wol nei It Amelân. De diamant fan It Waad.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen