Woeste ferkiezingskampanje

No, moarn is it safier. Jim meie it sizze. Hjir en dêr ha ik al stimadvizen sjoen, mar dêr lûke wy ús fansels neat fan oan.

It wie oars in woeste kampanje hjir yn de Wâlden. Sjoch, wy binne tige polityk ûnderlein en ha ús foarkarren. Ien dêrfan is in lokale partij mei in tige aardige foaroanman. Dy kinne wy al in pear regearperioades, sis mar. Wy dogge ek oan reklame. Dat wol sizze dat der by ús op it hiem in boerd stiet, gewoan om oare stimmers te ergerjen. Jo hoege der neat foar te dwaan, mar it gefoel is hearlik. Noch in stap fierder is rûnbringen fan flyers, dat is finansjeel foar opgroeiende bern tige nijsgjirrich, wat de gedachte derefter is makket neat út, jo kinne der in nije lippestift of twa fan keapje. Treflik.
De gemeente Smellingerlân, sis mar net Drachten, mar dêr kom ik daliks op, hat oan de westkant in in grut gebied mei in bytsje minsken. De Veenhoop en noch mear rjochting it âlde Boarnsterhim leit Goaiïngahuzen.

Dy doarpkes ha wy mei de auto befoldere. Neffens goed gebrûk jouwe wy oan alle minsken in folder, want jo wolle net ien oerslaan. No, dat ha wy witten. In efterfolging mei ôfsnije en adrenalinepraat ta gefolch. Alles oer in folderke, mar der is úteinlik gjin bloed fan kaam, alhoewol it my sûpe wie, mar klear.
Nei in woeste jûn yn it doarpshûs mei as gefolch allegearre de blues, wie fergeemje it boerd yn de tún ek noch poater, it grutte boerd by it doarpshûs fierhinne leech en yn de rjochting fan de bûtendoarpen mei nammen dy't ik net neame sil wie ek in spoar fan fernielings troch anty gemeenteriedsferkiezings figueren efterlitten.  Of se hienen gewoan ferlet fan brânhout, dat kin ek.

It wurket dus wol, reklame meitsje. Der wurdt oer praat en der komt aksje fan.

En no noch efkes oer Smellingerlân. Wat in moaie namme is dat dochs. Jo moatte der as minsken yn de bûtendoarpen dochs net oan tinke dat se dat feroarje soenen yn Drachten?

In goed fersteander... Moai, dy partij stim ik dus op.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen