The Shithouse Bluesband in concert

It wie tige gesellich juster yn It Bynt, it doarpshûs fan Boarnburgum. Der kaam aardich folk op it Spikerfestival ôf, in inisjatyf fan in stel muzykfreonen hjir út de doarpen wei. It wie foar my ek noch in primeur, ik mocht backstage. Dêr wêr't de wylde saken barre, nuveraardige froulju en spegels fol mei cocain en sa... No, dat foel in slach ta, hear. Mar it wie der net minder aardich om. Trije bands, Gekwurdende Hinnen, Opskildere Gesichten en Hielmasters stienen op de buhne. Wy ha it hjir op Stikelstekker goed mei it Frysk foar, dus meie jim it sels yn it Ingelsk oersette. 
De iepening fan de jûn wie al sa'n apart barren, op in grif tige dranksuchtich momint hat immen (wa is net rjocht helder te krijen) betocht dat der wol in ferrassingsoptreden plakfine koe. Fiif man trapen dêr yn. Jim kinne, mochten jim dêr behoefte oan ha, hjirûnder beharkje hoe't it earste nûmer klonk. De kwaliteit fan de opname is striemin, mar dochs is it moai dat der wat foar de ieuwen bewarre is, sille wy mar sizze. It applaus nei de tiid is spontaan, dat ha wy der net yn fotoshopt. 

De Skythûs Bluesband, dus. En ja, it wie geweldich om te dwaan. Cocain.



    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen