dinsdag 4 maart 2014

Bloedjild foar Thom de Groot! Dit kin sa net.

As antwurd op de ferskriklike aksje fan de BV Nederlân op it hiem fan boer Thom de Groot moat der aksje komme. Dit kin en meie wy net barre litte. As de kij fan De Groot nei de slachter geane omdat der net 12.000 euro oan bloedjild op it kleed komt, fyn ik dat wy manmachtich it fertrouwen yn ditsoarte oerheden opsizze meie. De rjochterlike macht der by, want dy hat dit fonnis útsprutsen. As dat neffens de wet dien is, doocht de wet yn dit lân net.

It kin en mei net sa wêze dat wy hjir talitte dat in oerheidstsjinst in beslach fee ophellet, dat al as net tafallich gjin earmerken yn hat. Dy tsjinst seit dat it fee ferwaarloaze wêze soe, mar twa feedokters sprekke dat tsjin. Op in gegeven momint moat de tsjinst tajaan dat se dernjonken sitte.

Om dan de boer, dy't neat ferkeards dien hat, dêrfoar betelje te litten raast, nee, kritet en gûlt oan de protters.

Wy meitsje ús drok om sawat alles dat in oar ferkeard docht, yn hokker part fan de wrâld dan ek. Wy steane as BV Nederlân oeral foaroan mei it fingerke omheech. Mar de BV Nederlân lit yn eigen lân gewoan in sûn beslach fee útmoardzje as der gjin jild op it kleed komt om harren eigen mislearre aksje te bekostigjen?

Hjir moat wat oan dien wurde. 

2 opmerkingen:

  1. Skandalich, sa't ús oerhyd mei minsken as Thom de Groot omgiet.
    Kinne de broers Anker hjir net ynspringe en help Thom by de rjochter.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. It is net te leauwen!! Dizze man hat stipe nedich. It wurd tiid dat we massaal yn opstân komme!

    BeantwoordenVerwijderen