De Corner, de PC, Sporre, Judas en Van Keimpema. Komkommerstatus?



Hoe soe it mei de Corner komme?

De Corner? Jawis, de hûs oan hûs krante fan SC Hearrenfean. Mei nijsgjirrich nijs oer spilers, treners en de kollum fan Albert van Keimpema en Rients Gratama, dy't ik woansdei de hân noch jûn ha op de PC.

PC? Eh... ja... Efkes útlizze. Ik woe woansdei eins nei De Lemmer, om te sjen wa't twadde wurde soe by it skûtsjesilen. Kertier foar tolven hie ik de kiker, myn net stikken te krijen radio en in fleske wetter yn in linnen taske, doe't de telefoan gie. No giet dy wol faker, mar dit petear hie as útkomst dat ik kertier foar ienen kreas ferklaaid by de yngong fan sportpark Skoatterwâld stie te wachtsjen en in healoerke letter op de Sjaerdema tribune siet.

Foar minsken dy't dat net witte: dat is dy tribune dêr't Hans Wiegel, mei in Omrop Fryslân sinnebril, op de foarste rige sit. De fine fleur fan Fryslân en omkriten sit him en har dêr in houten kont, mar dêr giet it net om. It giet ek net om it keatsen, sei in wrâldferneamde Fryske sjonger tsjin my, it giet om it evenemint. It safolste feestje dêr't je sjoen wurde moatte.
Ik fielde my in soarte fan Gert-Jan Dröge, mar sa as sa faak die bliken dat alle minsken itselde binne en allegearre nei it húske moatte. Wol is it sa dat de measten dy't op dy tribune sitte der net in sint foar betelle ha, mar op útnoeging dêr harren gesicht sjen litte. Lunsj ynbegrepen. Se jouwe sa'n dei in bepaalde status. Hokker dat is? Komkommerstatus is it earste dat yn my opkomt. Mar de wille wie der net minder om.
Ik ha mei in oantal tige nijsgjirrige minsken praten. Sa blykt dat Pieter Jan Postma njonken dat it in tige aardige keardel is, boeken lêst en Frysk praat, al moast er dêr sels wat om gnize. Hy sil ynkoarten yn Tallinn op treningskamp om dêrnei it wrâldkampioenskip ek op de Eastsee te fersilen. Mear dêroer ynkoarten yn de Friesland Post, as de woansdei leine kontakten goed wurkje.
Ja, jo komme wat te witten op de PC.

Stadichoan sipele it nijs oer de nije direkteur fan SC Hearrenfean binnen. De massaal oanwêzige Omroppers wisten net wa't it wurde soe. Boele Staal, lid fan de ynterim RfK, siet neffens guon dy't it witte kinne op deselde rige as Hans Wiegel, mar wie samar fuort. Hy moast noch efkes nei It Feen om Gaston Sporre te presintearjen. Want dat is de nije ynterim Robert Veenstra. Ahum.

Gaston Sporre. In bekwaam bestjoerder? Ik tink it wol, mar hoe't Albert van Keimpema dêr oer tinkt? Neamde dy him net de Paljas fan Riemer van der Velde?

Hoe dan ek, ik bin tige benijd oft de Corner noch troch de bus falle sil en oft Sporre tastean sil dat immen dy't him mei de grûn lyk makke hat, it krantsje foar in fikse fergoeding folskriuwe mei.

It soe my bestjoerlik besjoen wat ôffalle. No't 'de ruis om de club' him wat deljout, soe ik it 'reinigende' meganisme Van Keimpema mar efkes op de bank hâlde.    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen