Kaltgestellt: Albert van Keimpema en Klaas Jansma?

Op google vertalen is de fertaling fan kaltgestellt bûtenspul sette.

Albert van Keimpema miende juster op Omrop Fryslân TV noch altyd dat er yn syn baggerkollum yn de Corner gelyk hie. Sterker, Klaas Jansma fierde de 'klupman' Van Keimpema op as de 'reiniger' fan SC Hearrenfean. No wit ik net wat Jansma besielde doe't er dat sei, mar it biedt kânsen. En wy moatte altyd yn kânsen tinke. Jammer dat Simone Scheffer der net yn batste!!!

Hjoed kaam it rapport fan de kommisje Vaessen-Koopmans út. Ik wie by de presintaasje oanwêzich en yn 't foar fregen wy ús ôf wat we ferwachtsje koenen. In algemien praatsje?

No, dêr wienen we rap fan genêzen. Boargemaster Van der Zwan syn ynlieding wie foarboade fan wat in snoeihurde middei krityk wurde soe. Ien ding mei helder wêze: Abe Lenstra, Riemer van der Velde en Foppe de Haan binne de ikoanen fan de SC. 

Riemer van der Velde is folslein rehabilitearre.  

En dan ha wy ús 'klupman' Albert van Keimpema noch. Juster gutste it swit him al by de rêch omheech, hjoed is alles dat er yn de Corner skreaun hat mei ien hurde klap op it plak telâne kaam dêr't it heard. It jiskefet. 

Ik mei hoopje dat yn de nij te foarmjen bestjoerslaach fan de SC ek yngeand oer de betinklike rol fan Albert van Keimpema sprutsen wurde sil en dat er net wer de kâns krije sil om yn in SC Hearrenfean relatearre krante rjocht te lullen wat bryk is. 

Kaltgestellt, hjit dat. 

Klaas Jansma mei Van Keimpema in frije sjoernalist neame, immen dy't in gouwe fergoeding fan de SC krijt om yn meiwitten en mei goedkarring fan de direksje en RfK in stik te skriuwen dêr't klupikoan Van der Velde de grûn yn boarre wurdt, wit dat de boemerang werom komme sil. En dy dei wie hjoed. 

En Klaas Jansma? Dêr meie jim fan tinke wat jim der fan tinke wolle. Wat my oanbelanget mei dy ek sjoernalist mei in soad frije tiid wurde. In echte frije sjoernalist. Bah.   

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen