Heerenveen gaat naar Mars!

Sondeerfrachtwein


Omdat ik as eks ynwenner fan de gemeente It Hearrenfean graach op 'e hichte bliuw fan wat dêr spilet, lês ik de Heerenveense Courant. Op dagen dat de SC fuotbalje moat, helje ik dy fan in wike as wat by myn âlders wei, dy't se trou foar my garje.

Meastal is it gewoan trochblêdzje, de lytse nijsberjochtsjes besjen. Juster wie it wer safier dat de bal rôle yn it Abe Lenstra Stadion, dus hie ik fannemoarn ûnder de kofje wat te lêzen. Yn de edysje fan 10 july stiet op side 3 in nijsgjirrich berjocht.
Ik kin mis wêze, mar ik ha it net yn de oare Fryske media heard en sjoen. Dochs is it in net te missen berjocht, wat my oanbelanget.

Op It Hearrenfean sitte in soad bedriuwen. Yn Ljouwert ha je Wetsus, it provinsjale troetelbedriuw dat him mei wetter dwaande hâldt. Mar net allinnich Wetsus is innovatyf dwaande. Op It Feen ha je ek knappe koppen en prima bedriuwen. Ien dêrfan is it Ingenieursbureau A.P. van den Berg, dy't likernôch 45 jier dwaande is mei it ûntwikkeljen fan produkten om de ierde te ûndersykjen. Jim sille grif wolris in sondeerauto sjoen ha. Dy makket in profyl fan de grûn as der bygelyks in wenwyk komme moat, dan kin berekkene wurde hoefolle heipeallen der brûkt wurde moatte.
En ek op in gebied fan hydraulyk is Van den Berg tige foaroansteand.

Hoe't ik dat wit? Ik ha der wurke. En lês kranten.

Yn de Feenster krante stiet: Heerenveen betrokken bij missie naar Mars
A.P. van den Berg sil lichtgewicht sondeersystemen meitsje en leverje oan de NASA, yn tarieding foar NASA's misje nei Mars, dy't yn 2016 op it programma stiet. Neat gjin Sjineeske, Koreaanske of oare goedkeape brot, nee, Fryske degelike produkten wol de NASA ha. It bedriuw DLR út Bremen docht ek mei. Dútske gründlichkeit.

Sjoch, we kinne altyd wol eamelje oer It Feen, net terjochte by the way, de provinsje hat ek bûter op 'e holle as it oer de finansjele posysje fan It Haagje giet, maar dat geheel terzijde, der komt ek wolris wat goeds wei.

Hearrenfean giet nei Mars. Sjen oft se dêr wetter foar Wetsus fine kinne. First things first, no?

Reacties

  1. Der mei op dat sondeesysteem bêst wol in pompebledsje, as better nog, in Frysk embleem komme lyket my. As der dan 'bûtenierds libben' is op dy planeet dy dat apparaat fynt, dan kin it sa mar wêze dat ús klupke der wat bysûndere supporters by hat. Sterker nog. Der soene samar in pear talenten by sitte kinne!! :-)

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'