BREKKEND: ôfskiedsgedicht fan de potfisk fûn!!!

Stikelstekker hat beslach lein op it ôfskiedsgedicht fan de potfisk, dy't hjoed oanspielde op Skylge.



Ha, hjir lis ik dan,
it moast der wol fan komme.
Troch sykte of oar ûnk,
dat kin ek neat ferdomme.

Ik wol jim witte litte,
jim skreppen hat gjin doel.
Krewearjen tsjin better witten yn,
alteast foar myn gefoel.

Myn libben wie goed,
ik ha oeral hinne swom.
Mar no, hjir op dit strân,
sjoch ik minsken, hoe dom.

Wie ik noch sûn en fluch,
lei ik hjir net dea te gean.
Al dit gegriem om my hinne,
ik hie it ferbean.

Fan arktyske wetters,
hast oant beide poalen.
Alles ha ik sjoen,
mar nea sa'n stel omkoalen.

As it net sa tryst wie,
lake ik ik grif hurd.
Om dochs wat te sizzen,
sla ik mar ris mei myn sturt.

Ik fiel myn ein oankommen
it libben gliert út my wei.
No skuorre se my ek noch om,
mar it is myn lêste dei.

It lêste dat ik sizze wol:
tige tank foar dizze show.
As je dan dochs deagean moatte,
what a way to go!!!





Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen