Klaas Jansma, SC Hearrenfean, Caparis, Robert Veenstra is oeral.
Opmerklik, sa meie jo it wol neame. Yn it Nederlânsk ha
se der in moaie útdrukking foar: voortschrijdend inzicht.
Klaas Jansma, al desennia lang wurdearre as
ferslachjouwer by it skûtsjesilen, as skriuwer, besprekker en wit ik wat er
mear by de ein hat, makket in nuvere draai. As de Sneker Pan sa boppe in oar
draaide, soe er raze: ‘Dit kin net, Douwe Visser! Hy draait him sa boppe de
kop, oei, oei, hoe komt dit... bats!!! Se sitte boppe-op elkoar! En o, o, o, it
helmhout is der finaal efterwei fearn!!!’
Ja, sûnder helmhout kinne jo net stjoere. Dat soe Klaas
witte moatte.
Op 18 febrewaris 2013 skriuwt Jansma op syn side oer
Robert Veenstra, de direkteur fan SC Hearrenfean: Waarom doet Robert Veenstra dit? Dat
vroeg ik zondag na de kerkdienst aan een paar interessante mensen. Robert heb
ik bij FRIGEM leren waarderen als een leuke, intelligente kerel.
Hy beslút it stikje mei: ‘Omdat
ik de meeste actoren in het conflict ken, snap ik er steeds minder van. Zullen
we de bui over laten drijven en weer als één man achter het gesaneerde
Heerenveen gaan staan? Dat kan helpen.’
Mei oare wurden, net mear eamelje en op de man spylje,
gewoan wer mei syn allen HUP roppe, sa as it moat. Yn datselde stikje: Mij viel op dat er in mijn ‘omsittend
laach’ wel sympathie voor de
Heerenveen-voorzitter bestond, hoewel hij een boekhouder is en moet leren
communiceren. Ze zeiden dat de Omrop en de LC eenzijdige journalistiek
bedrijven. Bij Riemer en Foppe plaatsten ze kritische kanttekeningen.
De opposysje yn Smellingerlân hie it hast klearspile om
Robert Veenstra en syn trawanten yn de Ried fan Kommissarissen fan Caparis de dyk
út te stjoeren, mar der wie ien foar stimmend riedslid tefolle oanwêzich. Ien
tefolle dy’t gjin kramp hie, ûngesteld wie of (en dat leit mear foar de hân) op
fakânsje wie omdat it hjir mar net maitiid wurde wol. Het zij zo.
14-14 wie de útslach. No komme de Christen Unie
riedsleden en dy sille yn dizzen fansels nea earne tsjinstimme, dus mei
Veenstra sitten bliuwe.
Eelke Lok en oaren skreaunen der al oer, it is beskamsum
hoe’t de lju boppe-op de aperots elkoar sûnder mei de eagen te knipperjen de
baantsjes taskowe. It liket wol oft dy minsken yn in folslein oare wrâld libje
as ‘gewoane’ minsken. Macht, macht, hjir en dêr ris in kear útglide, mar dat
makket neat. As je der ien kear sitte, liket it klear.
Mar pas op, it kin ek ferhipte glêd wurde boppe-op dy
rots. As de Caparis wat te rynsk mei griene sjippe it Abe Lenstra stadion
poetst hat. Dan kinne jo wolris in slipperke meitsje as it wurd belangen mongen
wurdt mei ferstringelje. En dan rêden wurde troch de CU yn de ried fan
Smellingerlân? Is dat wat om grutsk op te wêzen? As der 14 tsjin binne? De CU
hat 4 sitten. Dat lizze jo dan út as in romme mearderheid as jo in moderne
manager binne, dy’t tsjin de wil fan de ûndernimmingsried in direkteur beneamd
hat, in direkteur dy’t dêrnei royaal en kreatyf mienskipsjild ta him naam hat,
eat dêr’t de hear Veenstra ek wolris fan beskuldige is. Nuver dat sa’n man as
Veenstra no krekt wer oan it roer stiet by in Caparis klup dy’t folslein op
mienskipsjild draait.
14 tsjin en 18 foar. Ik soe net wer oer strjitte doarre.
Goed, ik hear wolris wat. Soms. En ik hein wolris wat op
dat oer de digitale sneldyk fljocht. Sa wie der in skoftsje lyn nochal wat
rabberij oer in karriêre switch fan de foarsitter fan It Feen. Alle negative
stikken yn lânlike kranten en de show rûnom Riemer van der Velde, Albert van
Keimpema syn stikjeskriuwerij en Johan Derksen soe der foar soargje kinnen ha
dat de takomst fan de hear Veenstra der wat oars út seach. Eat mei fytsen, ik
sil der net tefolle oer sizze, foardat je it witte is der wer sprake fan
belangenverstrengeling, no?
De sjarme offinsiven mei paginagrutte advertinsjes yn de
LC, de Corner dêr’t dizze kear allinnich mar halleluja Tomke eftich yn skreaun
wurdt (sorry Auck), de tsjinfallende ferkeap fan seizoenskaarten, in grut
oantal sponsors dat op oare foarwearden (minder ynkomsten foar de klup) bliuwe
wol of ôfheakket, it sûgjende effekt fan Cambuur, ja, der is nochal wat loos.
As in peal boppe wetter stiet dat Klaas Jansma op syn
minst in fikse ommeswaai makke hat. Fan de ‘Leuke,
intelligente kerel’, komt er no mei dit as it oer de direkteur fan de
Caparis en foarsitter Robert Veenstra fan de RfK fan dy klup giet: ‘De Heerenveen-voorzitter zit in hetzelfde
circuit. Want het ene miljoen wast het andere schoon.’
En: ‘De meesten lopen nooit tegen de lamp, want hun toezichthouders
behoren tot hetzelfde kringetje. Als gieren storten ze zich hongerig op elke
pot die met collectief geld is gevuld. ...Als je goed ziet, herken je hun blote
knieën, want geknield hebben deze profiteurs nooit. En schamen doen ze zich
evenmin.’
Was getekend, K. Jansma. Hulde, Klaas! Beter ten halve
gekeerd...
Reacties
Een reactie posten