Robotmeaner as feilige haven
It is hjoed in moaie dei, want niis ha ik offisjeel it gersmeanen fan it jier 2024 op ús hiem as klear ferklearre. Net dat ik dêr in soad oan dien ha, ús robot rêdt him dêrmei. Soms is er even it paad kwyt, mar meastentiids docht er it prima. In jier as wat lyn ha ik de flater makke om it apparaat foar it opromjen mei de hegedrukspuit skjin te meitsjen, mar dat wie gjin goed plan. De monteur hat er de oare maitiid nochal wat wurk fan hân om him wer oan de praat te krijen. Dus moast ik him drûch skjinmeitsje, mei perslucht. Doe't ik de kappe der ôf die om ek in binnenwurk skjin te meitsjen, bliek dat de robot dizze simmer mear taken op him naam hie as allinnich meanen. Yn it motorkompartimint wie in prachtich moai nêst makke dêr't neffens ús in fjildmûs de hiele simmer gebrûk fan makke hat. Oan de restanten fan wat er nei binnen sleept hat meitsje ik op dat der ek jongen yn op de wrâld kaam binne. Dy't dus as yn in buggy in kear as wat yn de wike oer ús hiem riden binne. Du...
Do hast de selde betinkingen as my sjoch ik wol. Yn myn eagen sil Jan mei de pet, de gewoane man, as in gewoane boerelul noait gjien rykdom garje kinne. As jo moatte ris goed gelok ha mei yn as oare gokkerij. Der binne te folle ferskriklik ryke minsken dy't tefolle jild sammelje op in bankrekken immen op ien fan de belastingparadyzen. En jild wat allinnich mar op de rekken stiet om rinte te meitsjen sil noat meihelpe om in crisis te oerwinnen. Jild moat rôlje. En de simpele stjerlingen krije hyltiid minder sinten om hannen om rôlje te litten. Dertroch komme wy, as better sein, sitte wy yn in negatieve spiraal dy't nea feroarje sil. Derfoar warskôget Donner ús no mar fast. Dat wy it efkes wyte en der rekken mei hâlde kinne......Yndie om fan te spuien!
BeantwoordenVerwijderenHoe lang pikke wy it noch mei syn allen foardat der in boargeroarloch ûntstean sil?
Lit de hiele polityke poppekast der yn stjerre mei de kommende ferkiezings. Sy dogge dochs allegear mar wat. De ryken wurde ryker en de earmen earmer. En sa as it liket kinne wy der neat oan dwaan.