Wurdearring?

Stel: In net neier te neamen Fryske skriuwer soe syn 40 jierrige jubileum fiere. Boppedat kaam op deselde jûn syn nije ferhalebondel út. Dizze Fryske matador, bekend by eltsenien, trochdat er jierrenlang op de radio in kollum útspruts, en ek ien kear yn de wike yn it haadblêd fan de provinsje syn ljocht oer in beskaat oan saken skine lit, organisearret in jûn om dit bysûndere feit te betinken.
In bûtensteander soe dan fan tinken wêze kinne dat dêr wol wat oandacht foar komme soe. In net neier te neamen toanielspiler hoecht mar in skeet dwers foar it gat te hawwen, en de media springe der boppe-op. En mei reden, gjin ferkeard wurd dêroer.
Mar dizze Stellingwerver skriuwer dan? Gjin kameraploech, gjin skreaune media mei in artikel yn de haadkrante fan de oare dei. It is dochs in kollega, hearen sjoernalisten. En hy lûkt folle sealen, net allinnich yn Fryslân, mar ek yn Drinte, Oerisel, Noard Hollân en Grins. Krekt as dy toanielspiler, dy sjonger, dat talint en al de minsken dêr't jim wol hinne fleane, wêr't se ek mar optrede.
Hjir hienen jim net fier om ride hoecht. It barde krekt oer de Tsjonger. 40 jier suksesfol skriuwer en kollumnist wie blykber net wichtich genôch om jimme út it stee te krijen. The Voice liet jim oan it bankstel plakke. Lokkich, ek mei Frysk sukses, kinne jim jimme dêr moai efter ferskûlje. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen