Stront en jarre op de Omrop

Grut nijs hjoed!
Earne yn de provinsje is in boer, dy't it ljocht sjoen hat. De Omrop wie ek al ter plaatse. Wat is it gefal: Dy boer hat kij. En dy skite en mige. Dat dogge kij. Molke jaan ek, mar dat die no net ta de saak.
Dizze boer wol de dong skiede. Mei in draaimûne. De omropper op kop en earen derby, fansels. It stonk wol bot, mar jo binne op lokaasje.
De fêste fraksje wol de boer oan de blombolboeren ferkeapje, en it tinne oerskot oer it lân. Samar fiif minuten hot news op de betide moarn.

Foar de jonge lêzerkes en folgers efkes in flashback. Dat is werom yn de tiid yn nij Frysk. Doe't de kij noch op in Fryske, Hollânske of swaaide Hollânske stâl stienen, wie dit ultra-moderne fenomeen al sa gewoan as driuwdong no is. Wy hienen in mjukserij fan de CAF. As it frear moasten we earst nei bûten om de meinimmers in klap te jaan, oars knapte it ketting, want dong befriest sa hurd as beton. Dy meinimmers namen de dong mei nei bûten, en dy foel dan op de dongwein. De jarre, dat is it wetterige part, bêste kindertjes, waard ûnderweis skieden. Doe al. Hoe dan? No, gewoan trochdat de dong oer in roaster hinne skode. En dan sakket wetter dêr't it it leechst is. En dat bedarre dan yn de kolk Neat gjin draaimûne.

Wy ferkochten tweintich jier lyn al rûge dong oan Hollânske blombolkwekers, as we tefolle hienen. Mei strie dertroch. Noch better. Wat no nijs?


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen