Posityf tinke, minsken!!!

Och, och, wat bin ik dochs wer yn in positive bui. Sjoch, alles hat in kearside, en dêr kinne je soms jo foardiel mei dwaan. Dat bygelyks de LC gjin Frysk mear publisearret? No, en? Oer in skoft lûkt myn bloch likefolle lêzers as dat der noch eksimplaren fan de krante printe wurde. Moai, net? Posityf tinke. Dat de supermerkfoarsitter fan SC Hearrefean neat mear mei de Omrop te meitsjen ha wol? No, en? Dat besparret ús in moai oantal klisjeefragen fan de romrofte en briljante sportsjoernalisten, en de klisjee-antwurden derop ta. Moai, net? Posityf tinke. Dat der aanst gjin skriuwer mear Frysk publisearret? No, en? Bin ik lekker de iennichste! Moai, net? Posityf tinke. Dat se yn Dokkum oer fiif jier gjin sikehûs mear ha? No, en? Se ha dan wol de grutste dokterswacht fan it lân. Moai, net? Posityf tinke.

Nee, dat komt hielendal goed. Neffens my is 2012 no al folle better as 2011. Want sis no sels, witte jimme noch wat der doe barde? Nee dochs? No, en? Foarút mei gieltsje, ik bin der wis fan dat de kat jongen krijt.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'