Gysbert seal

Juster sieten der in man, frou as fjirtich yn de Gysbert seal fan Tresoar. Lêzing oer skriuwe yn in minderheidstaal. Tige nijsgjirrich. Mar om no de hiele jûn nei de sprekker te sjen is foar my dreech, ik dwaal wolris ôf. Yn dy seal hingje de portretten fan alle winners fan de Gysbert. En ik sil it mar daliks sizze, de helte koe ik net thúsbringe. No ha 'k yn it skoft in betûft kenner fan de literatuer frege oft dy de rige efkes foar my opneame woe, mar aldergelokst kaam dy der ek net út. Dan fiele jo al wat minder sjêne. It foel my op dat guon winners skildere binne, mei wikseljend resultaat, en dat der guon op de foto steane. Ien portret liket op in bosk biezemriis, en ik bin wol benijd wa't dat útbyldzje moat. Ik sil de skilder wol wer freeslik tekoart dwaan frees ik, mar ik koe der gjin gesicht yn fine.
Miskien kinne se by Tresoar ûnder alle portretten in namme op in kaartsje sette, sadat it foar omkoalen sa as my ek helder is wa't der efter dy bjirketûken ferskûle sit.
Durk van der Ploeg stiet kreas op de plaat. Dat liket der op.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen