Fan in bline Bouvier en in Rottweiler

Justerjûn bedarre ik fia twitter yn in petear oer putsamers. Tige nijsgjirrige matearje. Doe skeat my in ferhaal yn it sin.

Us leave Hear hat frjemde kostgongers, en sa is it mar krekt. Sa wenne der by ús in eintsje de dyk del in direkteur fan in bank. Hy wie ek oprjochter. Letter is er opfretten troch de Frieslandbank as it my net mist. Docht ek net ta de saak. Dizze yn myn jongeseagen frijwat nuvere apostel hie de gewoante om tagelyk de hûn út te litten en te krantelêzen. No steane der yn It Wâld frijwat beammen, dat as er djip yn in artikel siet, rûn er geregeld lêzendewei tsjin in beam oan. Stjerrende wier, lige mei net.
Neist ús wenne buorfrou. Soks komt faker foar. Doe't buorfrou it hûs ferliet, waard it kocht troch alwer in direkteur. Ja, foarname buert, dat Brongergea. Der wenne ek in straaljagerpiloat, in stikmannich boeren, in pear pikeurs, Sven Kramer syn heit is der berne en sa kin ik wol trochgean.
Dizze nije buorlju blykte aardich folk te wêzen, sels foar Hollanners. Wol wat wrâldfrjemd, mar dat ha je yn it hegerein. Hy die yn fytsen. Reklame meitsje docht in oar mar. Op myn jierdei ha ik in kear rjochtingoanwizers foar op de fyts fan him krigen. Fêst troch warbere Sjineeskes ynelkoar knutsele, jo moatte in oar ek wat gunne. Myn suster en ik ha sels in kear útfanhûs west nei Hollân ta. Leuke minsken.
Mar it ferhaal moat gean oer harren hûn. Dat wie my in eigenaardich bist. In Bouvier, mar dan wol in wite. En hy wie sa blyn as in mol. Ald wie er ek. Dus doarde ik wol nei him ta, hy wie foar my sa goed as koeke. Op in dei wie ús bankdirekteur wer op 'n paad mei de krante en de hûn. Hy wie de grutske eigner fan in Rottweiler. In sekreet fan in dier, ik wie der benaud foar. It bist gie sa bot oan, dat er Adema van de Gelder, dy't skeanoer yn it KI-stasjon stie, oerstimde. En dat hienen je net samar klear, want dy bolle âle as twa oaren. Hawar, de baas lies de strips en de hûn poater. Dy bedarre op it hiem fan de fytsdirekteur, en dat hie er better net dwaan kinnen. Ik wie nei de legere skoalle, dat it no folgjende komt út oerlevering. Dy âlde, bline, wite Bouvier hat dy Rottweiler wol sa allemachtich neisjoen, it moat mâl like ha. Buorfrou koe raze wat se woe, mar it oars sa noflike bist joech net om sizzen. De bankdirekteur lies de krante, en hie neat yn de gaten.
Letter, doe't de Rottweiler wer genêzen wie fan syn ferwûnings, bleau er stiif efter de boksen fan de  bankdirekteur as se de gefaarlike pasaazje by ús foar de pleats nimme moasten. Nea wer lêst fan hân.

Wat dit no mei putsamers te krijen hat... 


 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen