Boarremiich

Fraai. Sille je mei goede bedoelings efter de kompjûter, ha je dat wer. Earst de bisten mar wat te fretten jaan, dan ha je de de tiid oan josels. Sit ik goed en wol te plak, stiigt my der in lucht op, net te hurdzjen. Wat blykt? Ek de katten harren biologyske klok rint ferkeard mei sa'n waardeloaze winter. It sil nachts wol in kommen en gean fan boarren wêze, want it hea dat de geiten krije is ferjûn fan boarremiich. En it is amper nijjier west. Dit komt wer op de kop ferkeard, jonge katten yn de foarjiersmoanne, ynstee fan maartske katten.

Ik ha no fjouwer kear hânwosken, en skjinne klean oandien. It stjonkt noch. Muskus. Jasses.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'