Besunigje op kultuer, ja of nee?
Besunigings, wol as net terjochte? It wachtsjen duorre mar in dei as twa, je koenen de klok der op gelyk sette. As ergens it wurd besunigings falt, is de oansprutsen sektor daliks ree om de oerheid oan te sprekken op it feit dat se no dochs wol hiel dom dwaande binne. De gebrûklike opmerkings komme foarby: ‘Dit komt hard aan’ ‘Onbegrijpelijke keuzes’ ‘Geschokte reakties’ ‘Verbijsterend’ ‘Een harde klap’ ‘Dieptriest’ Binne dy reaksjes terjochte? Ik neam even in foarbyld. Besunigje op de soarch is ien fan dy maatregels dêr’t Keamerbreed en yn alle kranten, praatprogramma’s en oare media steefêst fûl op reagearre wurdt. Is dat wol terjochte? Antwurd op dy fraach is nee. Want der is in wrâld te winnen as it op soarch oankomt. It jild giet foar in grut part nammentlik nei lagen yn de organisaasjes dêr’t lju wurkje dy’t út klearebare ferfeling neat oars witte te produsearjen as nije protokollen dêr’t ‘de handjes’ oan de bêden harren dan wer oan hâlde en yn byspiker...