'Vuile kuthomo!'

Yn Oeganda witte se wol hoe't se mei homo's ôfweve moatte. De president tekene dizze wike in wet dy't it homo wêzen strafber stelle moat. No stie der op twitter (dat is de nije krante, dus alles is wier) in kaart fan alle lannen dy't homofily strafber fine. It sil jim net fernuverje dat dat foaral Mohammedaanske lannen binne.It sil jim grif ek net fernuverje dat it twitteraccount út de USA komt. Yn Iran, Mauretanie, Saudi Arabie, Jemen en Soedan meitsje se dien wurk mei sokken, de deastraf. It liket wol oft dêr oeral de deastraf op stiet, as in frou ferkrêfte wurdt is it in skande, dus dan ek de kop mar kwyt, dy yndruk krije jo. De Profeet hat in tige tolerante Mienskip neilitten, it jout neat. Op it kaartsje kinne jo sjen hokker lannen noch mear oan ferfolgjen fan homo's dogge. Yn de och sa freonlike troch Taliban oerhearske falleien yn Pakistan meie fammen net mear nei skoalle. De Profeet sjocht se leaver binnendoar. Ik ha in man sjoen en heard dy't sei: ...