Wol as net ferbrekke
Heech tiid om de kneppel wer ris yn it hinnehok fan dy sleauwe domme Friezen te smiten. Stel: Jo geane nei in gearsit. Jo kenne al de minsken dy't dêr komme. Jo witte dat, want jo ha se wolris tasprutsen, jo witte dat se Frysk fersteane. Der binne guon dy't it net prate, mar dat is net sa slim. Jo fiele je dus aardich op jo plak tusken dizze minsken, einliks in rûnte wêryn't jo prate kinne yn de taal dy't jo mem jo leard hat. De foarsitter en de earste sprekker miene dat neffens âld gebrûk yn it plak dêr't jo sitte (God ferstiet gjin Frysk) mar yn it Nederlânsk moat. Klear, moatte se sels mar witte. De twadde sprekker komt ta de saak. En docht dat yn it Frysk, omdat er krekt as ik wol wit dat elts it ferstiet. Gjin wolkje oan de loft, nimmen sjocht nuver op fan de gong fan saken. Dan komt de sprekker. De man set útein yn it Frysk, dat leit him wol, en hy hat fernaam dat it gjin beswieren jout om dat yn dit plak te dwaan. Nei twa rigels riist der immen oerein...