Wikseljild?

Tige goed nijs! It boemeltsje tusken It Feen en Grins komt der net. It is einliks ta de minsken dy't der oer geane trochkrongen dat it in plan is dat daliks yn de jisketonne moat. Der sit gjin minske op te wachtsjen, boppedat is it fierstente djoer. En Drachten hat him altyd al sûnder spoar rêden, dat sil no net oars wurde.

Dat is ien. No dy sintrale as noch. Ja, de ferbining mei Dokkum moat fansels better, mar it liket dat de earen dôf binne foar in goedkeapere, mar like goede útfiering. Eigenaardich is soks. Sa fan: it is besletten, dus dogge we it sa. Brek oan boereferstân en maklik mienskipsjild útjaan neam ik dat. Wat is, bêste minsken dy't der oer gean, no moaier dan dat je sizze kinne dat je der mei syn allen in pracht wei dellein ha foar gâns minder sinten? It liket my in win-win situaasje. Of húsmannet der earne yn de wâlden noch in boargemaster dy't in berch wikseljild te goede hat? Je soenen der hast in komplot efter sykje. Mar dat mei net, dus dogge we dat ek mar net, no?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen