Stanley Cup

 



Noch efkes in tipke: wylst we hjir de earste simmerske dagen hân ha, is de finale om de Stanley Cup los. In skoft lyn ha 'k dêr al wat oer skreaun. De Los Angeles Kings út it westen nimme it op tsjin de New Jersey Devils út it easten. Iishockey, midden yn 'e simmer.

Tink no net dat dit samar wat is, sûnt 1892 (!!) wurdt hjir om spile, it is dêrmei de âldste sportpriis yn Noard Amearika. De (foeililke) beker is donearre troch Lord Stanley of Preston. Dy man wie gûverneur generaal fan Kanada.

Yn 1919 koe it feest net trochgean, omdat doe de Spaanske gryp hearske. En yn 2005 wie der wat mei jild, mar dat is dêr yn de USA wol faker spulbrekker. Foar it oare is dizze twastriid wichtiger as alle oare wedstriden op it iis. De olympyske spullen? Nee, de hearen tinke der net oer as se noch om de Stanley Cup spylje kinne. Ek it WK is mar boarterij.

Montreal Canadians is rekôrwinner, mei 24 bekers.
Neffens my wint LA Kings. Dat soe  foar harren de earste kear wêze. New Jersey ha him al ien kear wûn, yn 2003.

Linkje: http://www.nhl.com/



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen