Hup Heerenveen!!!

 


Samar wer in berjochtsje. En fan dit wurde je net bliid. It jout wol de kâns om twa saken yn ien bloch te besprekken, dat is dan wer maklik.

Saak ien:

De Tsjongerskâns, it hospitaal op It Feen, hjit fan no ôf Tsjongerskâns. Sjogge jim it grutte en belangrike ferskil? Der mist in lidwurd. Hoefolle soe hjir oer fergadere wêze om ta dizze briljante set te kommen? Hoefolle himsels in riant salaris taeigenjende kopstikken binne hjir oer gear west?
De wite maffia hie it grif efkes net al te bannich en sieten yn in djippe diskusje oer hoe't se yn de goedichheid de dei om krije soenen, doe't der samar immen sei: 'Laten we de naam veranderen. Altijd leuk.'

Ik soe tige graach witte wolle wat soks no kostjen giet. Alles dêr't in logo op stiet moat nij. Hoefolle hannen minder oan it bêd soe dizze folslein ûnsinnige aksje ta gefolch ha?
Strontmislik wurde je derfan. Om ien lidwurd.

Saak twa:

Ald-bestjoersfoarsitter Paul Smits fan it Maasstad-sikehûs yn Rotterdam wurdt ynterim-direksjelid fan Zorgpartners Friesland. Dêrûnder falle Tjongerschans, MCL en zorggroep Noorderbreedte. Smits stapte ferline jier simmer op by it Maasstad-sikehûs neidat in útbraak fan in multiresistinte bakteerje dêr lange tiid stilholden wie. Seker trije pasjinten kamen te ferstjerren troch de bakteerje.
De Inspectie voor de Gezondheidszorg hie fikse krityk op Smits. Hy hie te min omtinken foar kwaliteit en de feilichheid fan de soarch. (OF)

Hoe krije dizze rottige apen dy't boppe-op de aperots sitte dochs altyd wer de kâns? Dizze twiveleftige figuer hat him no wer as ynterim earne yn wrotten. Ynterim stiet foar twa kear sa djoer, wisten jim dat wol? Mei oare wurden, min prestearje en in noch grouwer traktemint opstrike.

De Tsjongerskâns set himsels aardich op de kaart. Ik moat sizze dat it sikehûs ús de lêste tiid goed foldien hat, op ien blunder nei. Minskewurk, litte we mar sizze. Mar mei Smits helje se neffens my de haadpriis net binne de doarren. Wol in 'namme'. En dy binne djoer, en litte faak liken yn de kast efter.

Hup Heerenveen!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen