Gak gak gak, wij gaan uit ons dak

De meneuvels fan de guozzen en de geiten wiisden der al op. Tige sosjale bisten. De guozzen, dy't my oars wat ôffalle kwa waaks wêzen, binne no sa fûl as in foarke. En de geiten binne ek net fier fuort. Moaie symbioaze, lângeiten en guozzen. De earste pyk is hjoed út it aai krûpt. Doe't we niis efkes sjen woenen, stapte mem boppe-op it earme stumper, dat hy hat it op 'e dea ôf helle. Oars wie it in iendeispyk wurden. Neffens my binne dr noch in stik as wat oanpikt, dus de famylje goes wreidet aardich út. Binne der noch minsken dy't ferlet fan in stik as wat fan dizze prachtbisten ha, dan kinne jim dat melde fia de bekende paden. Se binne net djoer. Op de print stiet mem, dy't aardich lilk wie. Heit komt ek razend om 'e hoeke, en pyk wit noch fan neat. Allinnich dat mem ûnnoazele grutte poaten hat.

Reacties

  1. Fan herte lokwinske, mar do meist de piken wol hâlde, dêr hawwe wy hjir al genôch earmoed om hân, lilke memmen en gûlende bern.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Nee, wol? Se kinne wreed wêze mei lytse bern. My dogge se neat, oars krije se in skop.

      Verwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen