Frysk diktee

It hie better west en hâld it stil, mar it is net oars. Fia twitter kaam de melding dat it yn de krante stie, dus moat ik it mar sizze.

Ja, ik mei woansdei meidwaan oan it Frysk diktee. En nee, ik ha der gjin hege ferwachtings fan. Sterker, ik tink dat ik in daverjend oantal flaters ha sil. De Olympyske gedachte is by my fan tapassing. Soks is relatearre oan in stik as wat troch my skreaune manuskripten dy't neisjoen waarden. Je krije der in kleur fan, eltse side sa read as in kraal fan de korreksjes. Dus gjin noed foar de oaren, ik doch foar spek en brea mei.

Wêrom dan dochs ja sein? Simpel. Ik wol ien jûn fan myn libben op it plús sitte. Sjen en fiele hoe't dat is. Hoe't myn ferwachtings datoangeande binne? Ach, it sil ergonomysk wol goed útsocht wêze. Ik bin benijd.

Earst snein mar ris rjochtdei hâlde mei Feyenoord. Oan de oare kant, PSV hat 30 miljoen oan mienskipsjild yn de eigen seleksje ferspikere, dus stel dat mei in 1-2 Rotterdam boppe dy lju eindigje soenen, ha 'k der ek noch wol frede mei.  

Reacties

  1. Ha, moai om te lêzen Ferdinand! It sil grif wol wat tafalle mei dat daverjende oantal flaters, soe't net?

    Ik mei ek meidwaan oan it Frysk diktee. Wol ek wolris op dat plús sitte en fansels al dy bekende Friezen ris moetsje!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. No, dan soe ik sizze: oant woansdei! Moetsje ik ek ris in grut Frysk skriuwer ;)

    BeantwoordenVerwijderen
  3. En omdat ik ut Groat Liwwarder Diktee al us wonnen hew, hewwe dy AFUKfriezen mij mar gyn útnoadiging deen...Denke seker dat dy Snekers gjin doel oer it skreaune Frysk hawwe...;)

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Hjir geane grif hegere machten oer, Henk. Ik wit it ek net. Do hiest fêst mear kâns hân om te winnen dan ik.

      Verwijderen
    2. ...dan ik??? Skerpje dy op Stikelstekker!

      Verwijderen
  4. Ha, dat bedoel ik dus. Lokkich is de tekst troch in oar skreaun, haha!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen