Frysk diktee, de evaluaasje

In jûn yn de Steateseal.

Net ûntefreden, sa sawat.

De hearen Grijpstra en Looijenga lokwinske, mei fjouwer flaters terjochte winners. It gie my rap genôch, Gratama hie de gong aardich te pakken. Pas doe't der in pear man opstappe woenen, wie it aardich by te hâlden.

Jim kinne gerêst wêze, ik sil my nea ferkiesber stelle foar in sit yn de Steaten. Nei ien jûn ha ik it al yn 'e rêch. Alderwetske tsjerkebankjes mei grien plús. Ik hie tocht dat mei dy ferbouwing dy steatesitten ek meinaam wienen, mar neat fan dat alles. Allemachtich, wat in beroerde stuollen. Wy ha ek noch wat besluten trochnaam, dy't yn it laad lizzen bleaun wienen. De stemming oangeande Thialf en sa mear. Tank oan de steateleden foar dizze service. Op it plak dêr't ik siet wie it laad oars leech, sil wol in PVV stoel west ha. Sels gjin breidpriem te sjen.

No, ja. Jim tinke fansels, jeuzelje der net omhinne, sis it no mar! Okee, mar earst wat 'verzachtende omstandigheden'. Juster siet der grif in smite oan taalstudinten. As folslein autodidakt yn de grize middenmoat eindigje fyn ik bêst genôch. 14.5 flaters.

Ien wurd wie in makje. Stikelstutsen. No, sa.

Reacties

  1. Knap dien Ferdinand mar dat tempo fan jim yn dy seal koe wol wat omheech. Ik hie tuskentroch tiid om te twitterjen. :-) Bin benijd hoe 't ik it der ôf brocht ha. Fryskfrommes

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Dyn útslach wolle wy graach witte, fansels.

      Verwijderen
    2. Ik hie 12 flaters. Mar omdasto 14,5 hast tink ik dat ik miskien ek wol healen ha mar net wit hoe 't it berekkene wurdt. Bin mar wakker grutsk op mysels en do hast it ek hielendal net min dien. It falt neffens my wol wat ta mei dy reade streken yn dyn teksten. Fryskfrommes

      Verwijderen
  2. Tank, Ferdinand. Do ek lokwinske! It wie in moai barren, no?

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Ja, it wie aardich. Om dochs in lyts bytsje krityk te spuien: mei wat oanpassings yn de rjochting fan it Groot Dictee der Nederlandse taal soe it ek prima op de Omrop kinne en dan net online, mar gewoan op TV. Dat smyt mear oandacht op foar it skreaune Frysk. In flot babbeljende presintator dy't hjir en dêr wat freget, koartsein de saak wat 'opleuke'. Hoe tinksto dêr oer?

      Verwijderen
  3. Hmm... no twa kear besocht in reaksje te jaan, mar der giet wat mis. Hawar, nochris. Ik stim it dy mei, mei de oantekening dat it foar my de earste kear wie en ik dus gjin idee haw oer wat de organisaasje yn it ferline al as net besocht hat om media-omtinken te lûken. Yn dizze foarm is it tink ik net nijsgjirrich genôch foar TV. Dan soe der yn it format yn it foarste plak socht wurde moatte nei manieren om it thúspublyk derby te belûken. In iepen doar, ik wit it. En makliker sein as dien.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen