Foarbygongers

No, tige hear, sa'n dei op it dak. Nee, net It dak fan de wrâld, mar myn eigen dak. De kajút skildere. En dat is op himsels kloatewurk, jo moatte it fan de reaksjes ha.

Der stiet in hage fan in heale meter hichte tusken de dyk en ús hûs, guon minsken tinke dat dy alle opmerkings opkeard.
'No, dat waard ek wol tiid net, wat seisto?'
It wiif hinget tsien meter efter de keardel yn 'e beage mei de tonge op 'e skuon om him by te hâlden. 'Wat seist? Ik ferstean der neat fan!'
'Ik sei, dat waard ek wolris tiid, net!?'
'Wêr hast it oer!?'
Skodholjend fytst de keardel troch nei it folgjende objekt dêr't er in miening oer fentilearje moat, neffens himsels.

Noch ien foar it ôfwennen: Man, type amtner, mei (krekt wat te jonge) frou. 'Nou, dat ziet er gevaarlijk uit, hoor.'
Sy (drok knikkend): 'Ja , zeg dat wel.'
Ik (gnizend): 'Moarn, moai waar net?'
Beide sjogge opslach foar harren del en sette soch. Sa'n domme Fryske boer dy't it weaget wat tsjin harren te sizzen. It soe ferbean wurde moatte.

En dan ha ik it noch mar net iens oer de stille foarbygongers, dy't omheech sjogge of ha se noch nea immen troch in daksgoate klunen sjoen, mei in pot ferve en in kwast yn 'e hân. Prachtich, sa'n dei. Wat bin ik bliid dat er om is.

Reacties

  1. Ik stie boppe de klimhortensia, hold it potsje skeef. No bloeit er de hiele simmer.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Haha! Ik hong juster yn de vuurdoorn. De stikels yn de klauwen. Guon sizze dat je dêr dea oan gean kinne...

      Verwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen