Flaggen en logo's

Op de dei dat de ferkiezingsretoryk fan krante en skerm ôf begjint te ronkjen, ha se te Ljouwert in nije flagge krigen. In djoerenien, oan it omsittent laach en de betinkers te sjen. Wat in minske op sneon al net út it stee krije kin. Braaf hantsjeklappe as de stedskomyk Crone seit dat soks moat. 'Is ie mooi of niet?' No, je. Ik sjoch noch net barren dat se fan Grou oant Ljouwert by it wekker wurden de flagge groetsje sille, sa as dat yn de US of A al gewoan is.

It wie dochs al hommeles yn de Hoofdplaats. It bestjoer fan de pleatslike betelle balskopperij wol in nij logo trochfiere, oant op it hert ta. Dat is in gruwel yn de eagen fan de kultuerbewarders, dy't terjochte sizze dat sa'n bestjoer it foech net hat om as passanten samar in âld logo te feroarjen. Boppedat: wat is der mis mei dit logo? Tradysje tsjinoer nijmoadrige 'even een punt zetten' bestjoerders.
Ik wit noch dat in pear fan datsoarte hapsnurkers itselde mei de pompeblêden op it kyltsje fan It Feen yn 't sin hienen. Is net trochgien.

Alle flaggen en logo's koenen net foarkomme dat ik hjoed ta de konklúzje kaam bin, dat der dit jier bûtenom ferve wurde moat. It is in tryste dei.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen