Boarsthier-dekoraasje


 

Het kan verkeren, sei Bredero.

In wike as wat lyn bin ik op de foto kaam, omdat ik in stikje skreaun ha, en dêr moat myn kop by ôfbylde wurde.
Doe wie it moai waar, mar noch wat fris. No kom ik net alle dagen op de plaat, dus de kreaze jas mar oan. Mei bûntkraach. (nep)

Klear, de fotograaf knipte der fleurich op los. Ik wol leauwe dat er wol 100 kear myn holle yn it systeem sitten hat. Fraach is oft er dêr bliid fan wurdt, mar dat geheel terzijde.
Komt der in dei as wat letter in berjocht oer de digitale racebaan nei my ta. It stikje komt yn juny yn it blêd, en dêr past gjin bûntkraach en winterklean by. Okee, dat snap ik. Ferfolch: Ik bin hjoed opnij ôfreizge nei it Abe Lenstra Stadion, want dat wie de lokaasje dêr't ien en oar plakfine moast.

En ik sil jimme sizze, it wie my dochs in partij stienkâld!!! Ik hie fansels myn Aloha-shirt út de kast lutsen, want as it simmers moat, dan sil it ferdikke ek simmers. Dus it bloeske in ein iepen, in stikje tapyt fan Lippe Wonen as boarsthier-dekoraasje der by yn. Dat wie it plan.

Realiteit: Ik ha no in simmerjas oan op de foto, mei in swart shirt der ûnder. En ik bin heal fernikkele. Je moatte der wat foar oer ha.

De fotograaf hat no omtrint 200 kear myn krollekop op de hurde skiif. De segen dermei, soe ik sizze. Brrr... kâld.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen