Bân plakke mei in spiker

 

Dat wie in net noflike trip down memory lane. Foar it wurk brûk ik in karke. Foar de trochsetters: in molkkarke. Stamt út it jier 1955, skat ik. No hienen se yn dy tiid ek al bannen, en dy reitsje wolris lek. Om eltse kear de kompressor yn de bus te smiten is ek gjin wurk, dat ik tocht hjoed: lit my dy bân mar ris plakke.

Dat hat my dus de hiele middei koste. Dat rotkring wie der net ôf te krijen. Ik wie op lokaasje, dus dan ha jo it rjochte ark ek net, op 't lêst ha 'k myn spiker mar krigen. Dat is in stjitizer fan in kilo as 25, dy't op in mânske spiker liket. Klear. Bân der ôf, plakke en wer te plak. Hmmm... Fiif minuten letter wer fan twa nei in heale Bar sakke. Jim fiele him al oankommen: noch in lek. Dus itselde gewrot noch in kear.

Soks fine jo dus út op de waarmste dei fan it jier oan't no ta, dat it swit rûn my by de rêch omheech. It minste is dat ik der foar gjin kwartsje betrouwen yn ha dat er no wol goed ticht is, dus moarn de kompressor dochs noch mar in kear meinimme. Grrr...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen